Tsjasker

Pealtsjasker yn natoergebiet Sânpoel
Tjasker ûnder Feanwâlden

De tsjasker is ien fan de lytste moles yn Nederlân en is ûntwikkele yn Fryslân. Der binne twa typen tsjaskers:

  • pealtsjasker
  • boktsjasker

By de pealtsjasker wurdt de moleäs skoarre troch in peal en by in boktsjasker leit de foarkant fan de mole op in houten bok. De pealtsjasker mealt it binnewetter fia de bûtenringsleat en de binnenringsleat nei in binnewetter of oarsom. De boktsjasker mealt it wetter út it binnewetter fia de bûtenringsleat nei it bûtewetter. Allinnich de boktjasker hat in kruibaan foar it kruien fan it wjukkekrús op de wyn. De pealtsjasker wurdt mei in keatling op de wyn lutsen.

In tsjasker hat oars as 'gewoane' moles gjin kaamrêden. Op de as wêr't de wjukken trochhinne stekke, sit efteroan in tonmole. Dat is in lyts soarte betimmere fizel. Net ten ûnrjochte is troch mûnekenners steld dat de ienige oerienkomst tusken de tsjasker en alle oare wynmoletypen it besit fan in wjukkekrús is.

Dit lytste wynmoletype foar it oppompen fan wetter wie om 1950 hinne hast hielendal ferdwûn. Nei 1970 waarden ferskate moles nij boud. Benammen yn natoergebieten wurdt dit soarte moles brûkt om ferdrûging tsjin te gean.

Hiel Nederlân hat noch 25 tsjaskers, wêrfan't 11 moles yn Fryslân te finen binne. De âldste tsjasker fan Fryslân en Nederlân stiet yn It Heidenskip by Warkum. Dy waard boud yn 1915.