Aposteltsjerke Αγιοι Αποστολοι Αθηνα | ||
Lokaasje | ||
lân | Grikelân | |
plak | Atene | |
koördinaten | 37° 58' N 23° 43' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 10e iuw | |
boustyl | Byzantynske arsjitektuer | |
Kaart | ||
De Tsjerke fan 'e Hillige Apostels, ek bekend ûnder de namme Hillige Apostels fan Solaki (Gryksk: Άγιοι Απόστολοι Σολάκη) of Agii Apostoli (Gryksk: Αγιοι Αποστολοι Αθηνα), is in tsjerke njonken it Stoa fan Attalos yn 'e âlde agoara fan Atene, Grikelân. De bou fan 'e tsjerke wurdt op 'e ein fan 'e 10e iuw datearre.
Solakis soe de famyljenamme wêze kinne, dy't in lettere renovaasje fan 'e tsjerke betelle hat. De namme Solaki soe ek in ferwizing wêze kinne nei it tichtebefolke gebiet om 'e tsjerke hinne yn 'e 19e iuw.
De tsjerke is benammen fan belang om't it, oars as de timpel fan Hefaistos, it iennige monumint yn 'e agoara is dy't sûnt de stifting yntakt bleaun is. Ek de arsjitektuer fan 'e tsjerke is wichtich: it wie de earste belangrike tsjerke út de middelste Byzantynske perioade yn Atene. De tsjerke markearre it begjin fan it saneamde "Ateenske type", in troch fjouwer pylders droegen krúskoepeltsjerke. Ut waarnimmings fan eardere restauraasjes en rekonstruksjes binne fjouwer ferskate boufases te ûnderkieden. It oarspronklik plan fan 'e tsjerke is in krús mei in apsis oan fjouwer siden en in westlike narteks mei fjouwer pylders, dy't de koepel drage. It alter en de flier wiene oarspronklik fan moarmer. De tegels oan 'e bûtenmuorren binne mei dekorative Kûfyske motiven fersierd.
De tsjerke is tusken 1954 en 1957 werom brocht yn 'e oarspronklike foarmen. Fan 'e fresko's yn 'e tsjerke binne der allinne 17e-iuwske fragminten bewarre bleaun. Ek fresko's fan oare tsjerken binne yn 'e Aposteltsjerke ûnderbrocht.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Church of the Holy Apostles, Athens
|