Tubanten

De Tubanten (of Tubanti, Tuihanti/Tvihanti) wiene neffens de Romeinske skiedskriuwer Tasitus om it begjin fan de jiertelling in Germaanske stam dy't nei't oannaam wurdt tahâlde yn it easten fan it Nederlân fan no, de namme Twinte soe ôflaat wêze fan dy stam. Tsjintwurdich libje de Tubanti noch fuort yn de namme fan de krante De Twentsche Courant Tubantia, klupnammen en strjitnammen.

Der is mar in bytsje bekend oer de Tubanten. Ik kin wêze dat sy meast konflikten mijden of dat har bydrage oan de striid te lyts wie om apart neamd te wurden yn de pear boarnen dy't der binne.

Op de strafekspedysje fan Germanikus yn it jier 14 troch in oan beset gebiet grinzjend part fan it hjoeddeiske Dútslân, waard de Germaanske stam Marsi oanfallen troch de Romeinske troepen om de Farusslach fan fiif jier dêrfoar te wreken. De Bructeri, de Usipeti en de Tubanti kamen har te help, mar moasten dochs in ferlies nimme. Yn 69 by de Bataafske opstân leveren de Tubanten in cohort, dat ferneatige waard troch de in Ubysk kontingint yn it Romeinsk leger.

In stikmannich iuwen letter waarden de Tubanten op 'en nij konfrontearre mei it Romeinske leger. Ferbjustere troch de wredens fan de Romeinske keizer Konstantyn de Grutte by syn oanfal op de Bructeri (308) besleat in koalysje fan Germaanske stammen – wêrûnder de Tubanti – it Romeinske Ryk yn te fallen. Konstantinus wist har lykwols te ferslaan.

Sa'n bytsje ein 4e iuw soene de Tubanten opgean yn it grutte stamferbân fan de Saksen.

Alterstien by de muorre fan Hadrianus, mei de âldste fernijing fan de Tuihanti

De Tubanten wurde wol lyksteld mei de Tuihanten (Tuihanti). Yn de tredde iuw tsjinne in groep Tuihanten, as bewenners fan Tuihantum, de Romeinske keizer as ûnderdiel fan in Fryske ruterôfdieling dy't legere wie by Vercovicium, it Housestead fan no yn Grut-Brittanje tichteby de Muorre fan Hadrianus. Op de alterstiennen dy't dêr fûn binne steane de ynskripsjes:

DEO MARTI THINCSO ET DVABVS ALAESIAGIS BEDE ET FIMMILENE ET N AVG GERM CIVES TVIHANTI V S L M

(= 'Oan de god Mars Thincsus en de twa Alaesiagae, Bede en Fimmilene en de ferheven geast fan de keizer. De Germaanske ûnderhearrigen de Tuihanti/fan Tuihantum (út frije wil en earbied har eed swarrend)' Sjoch foto.

DEO MARTI ET DVABVS ALAISIAGIS ET N AVG GER CIVES TVIHANTI CVNEI FRISIORVM VER SER ALEXANDRIANI VOTVM SOLVERVNT LIBENT

('Oan Mars en de twa Alaisiagae en de ferheven geast fan de keizer. De Germaanske ûnderhearrigen de Tuihanti/fan Tuihantum, fan de ruterôfdieling fan de Friezen fan Vercovicium foar Severus Alexander (út frije wil en earbied har eed swarrend)')

De dêr neamde Mars of Mars Thincsus wurde gewoanwei yn ferbân brocht mei de Germaanske god *Twiwaz (Aldheechdútsk: Zio, Aldnoarsk: Týr). Oer de twa Alaisiagae, Bede en Fimmilene is fierders neat witten.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Germaanske folken feroarje
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen