Twarres | ||
band | ||
Twarres yn 2015 | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
sjongtaal | Frysk | |
sjenre | pop | |
bestean | 1999 – 2003; 2007 - no | |
prizen | Liet 1999 | |
âld-leden | Johan van der Veen | |
leden | ||
Mirjam Timmer | ||
Auke Busman |
Twarres is in Frysk popmuzyk-duo, dat oarspronklik bestie út Mirjam Timmer en Johan van der Veen. De namme is in ferkoarting fan 'twaresom'. De groep hie yn 2001 en 2002 yn hiel Nederlân grutte suksessen en hat de eare de earste en oant no ta ienige Frysktalige nûmer-ienhit behelle te hawwen.
Timmer en Van der Veen, allebeide berne yn Wergea, hienen al betiid meiïnoar songen doe't se yn 1999 it Fryske Liet wûnen mei de swiete ballade Wêr Bisto. It liet waard op single útbrocht, mar fierder as de tipparade en in plak ûnderyn de Mega Top 100 kaam it net. Yn 2000 waard Twarres by televisjepresintator Paul de Leeuw útnûge yn syn programma Huis van Oranje. Nei't se it liet dêr op 'e nij spile hiene waard it liet populêdere en bea platemaatskippij EMI harren in nij kontrakt oan en namen sy de single opnij op. Marco Borsato frege Twarres om mei te spyljen op syn konserten. Twarres stiigde no hurd op de hitlist en stjitte op it lêst U2 fan it earste plak en stiene se in nei in pear wike boppe-oan. Dêrmei is Wêr Bisto net allinnich it heechste notearre Fryske liet (dêrfoar wie dat In Nije Dei fan De Kast, #4), mar ek it heechste notearre liet yn in Nederlânske streektaal (oant dan wie dat Oerend hard fan Normaal, #2). Ek yn Belgje helle it liet it earste plak. Yt nûmer stie yn it jier 2000 boppe-oan yn de Fryske Top 100.
It duo gong nei dit sukses fierder as in band. De opfolger She Couldn't Laugh (7 maaie 2001) en it debútalbum Stream (ferskynd op 25 juny 2001) wiene beide grutte hits yn Nederlân en België. Op Wêr Bisto nei wienen alle lieten yn it Ingelsk, mar de styl wie wol homogeen. De opfolger, CD2 neamd, die it net sa bêst, krekt as de singles dy't derfan lutsen wiene: I need to know (30 septimber), Tell Me (maart 2003) en I'll See You. In teätertoernee waard in súkses en waard mei inkele reprises opfolge. Op 21 desimber 2003 joegen se har lêste konsert yn it eardere molkfabryk yn Wergea dêr't harren karriêre ea begûn wie. Yn 2004 hie Twarres noch al in gastrol yn de VPRO telefyzjesearje De Troubabroers.
Mirjam Timmer gong allinich fierder as MIR. It nûmer The deep blue sea fan har solo-album is een duet mei sjonger Jim Kerr fan de Simple Minds.
Op tongersdei 25 jannewaris 2007 kundige it duo oan dat se wer byelkoar wiene. Johan hie in kantoarbaan. Mirjam har solokarriêre wie net echt fan de grûn kaam. Se soenen no tegearre besykje om fan Twarres wer in sukses te meitsjen. Om reden fan sûnens moast Johan van der Veen lykwols ôfheakje. Twarres sette op 14 septimber wer útein, mar doe as Mirjam Timmer en Auke Busman.
Mirjam Timmer waard letter tegearre mei Kristian Dijkstra Twarres. Op 11 maart 2016 kaam in nije single út, Fûgelfrij. Op 4 novimber 2016 folge She won't let go. Dy single waard op it premiêrekonsert yn de Neushoorn yn Ljouwert útrikt troch Ernst Jansz.. Yn 2017 wie Twarres de "Friese ambassadeur van de vrijheid" en makke Twarres de titelsong fan de bioskoopfilm Spaak, mei de titel Tink Oan My, dy't útbrocht waard op 25 augustus 2017.
Yn novimber 2019 stie Twarres fannijs op it Fryske Songfestival Liet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |