Ulmen | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Cochem-Zell | |
ferbânsgemeente | Ulmen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.515 (2021) | |
Oerflak | 28,74 km² | |
Befolkingsticht. | 122 ynw./km² | |
Hichte | 452 m | |
Oar | ||
Postkoade | 56766 | |
Koördinaten | 50° 12'N 6° 58'E | |
Offisjele webside | ||
stadt-ulmen.de | ||
Kaart | ||
Ulmen is in plak yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak leit yn 'e Fulkaaneifel en is it haadplak fan 'e ferbânsgemeente Ulmen.
Ulmen leit yn it easten fan it Natuer- en Geopark Fulkaaneifel, sawat healwei tusken Koblenz en Trier oan 'e Bundesautobahn 48. Ulmen bestiet út de Stadtteile Meiserich, Vorpochten en Furth en de buorskippen Auderather Mühle, Forsthaus Hochpochten en Meiserichermühle.
Yn it stedsgebiet lizze twa fulkanyske kraters: de oan it kastiel fan Ulmen en de histoaryske kearn lizzende Ulmener Maar en it 200 m noardlik dêrfan en 10 m leger lizzende Jungferweiher.
De 37 m djippe Ulmener Maar is mei likernôch 11.000 jier de jongste fulkaan noard fan 'e Alpen. Op in djipte fan mear as 4 m is de aktiviteit troch omheech geande gasbellen te werkennen. It wetter yn 'e krater hat gjin natuerlike tafier en ôfwettering; twa tunnels drage by oan in konstante wetterspegel. Ut wittenskiplik ûndersyk fan 'e Universiteit fan Trier die bliken dat de noardlike tunnel tusken de Ulmener Maar en de Jungferweiler tusken 1050 en 1250 útgroeven waard. Neffens saakkundigen fan 'e universiteit foarmje de twa tunnels fan Ulmen in seldsum, grutskalich wetterbehearsysteem, dat noard fan 'e Alpen unyk is en nei alle gedachten brûkt waard foar midsiuwske mûnen. De ek as Römertunnel bekende noardlike tunnel is sûnt 2023 iepensteld foar it publyk.
De Jungferweiher oan 'e oare kant fan 'e Bundesautobahn 48 is folle âlder en 118.000 jier âld. De mar is mei 23 hektare folle grutter as de Ulmener Maar, mar folle ûndjipper en trochstrings 80 sm djip. It wetter waard eartiids troch de kastielhearen as fiskfiver brûkt en de mar slike op it lêst ticht, sadat der yn 'e jierren 1930 turf stutsen waard. Yn 1942 waarden nije damen om 'e sompige greiden lein om sa wer in mar mei in konstant wetterpeil te kreëarjen. It noardlike diel fan 'e mar is no in beskerme gebiet foar seldsume fûgelsoarten.
Ulmen waard foar it earst yn 1074 neamd, mar it gebiet wurdt al folle langer bewenne. Dêr tsjûgje Merovingyske grêfheuvels en argeologyske fynsten út de Romeinske tiid fan. De skiednis fan it plak is ferbûn oan it yn 'e 11e iuw boude krúsfarderskastiel fan Ulmen, ien fan 'e âldste kastielen fan 'e Eifel dy't boppe de stêd leit en wêrfan't hjoed-de-dei allinne noch resten besteane.
De Sint-Mattiastsjerke yn it sintrum giet werom op 'e 12e iuw, mar is no in neoromaansk bouwurk.
Sûnt 2023 is de midsiuwske tunnel, dy't de Ulmener Maar mei de Jungferweiher ûnderierdsk ferbynt, foar it publyk iepene. Oer de tunnel rint de Autobahn A48. Foar de iepenstelling fan 'e tunnel moast de Ulmener Bach ûnderierdsk omlein wurde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder de:Ulmen (Eifel).
|