Utertsk-Alblasserwaardsk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Utertsk | |
eigen namme | Utrechs | |
lânseigen yn | Nederlân | |
tal sprekkers | 330.000 (skatting) | |
skrift | it Latynske alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Súdwestgermaansk - Nederfrankysk-Nedersaksysk - Nederfrankysk - Nederlânsk - Utertsk-Alblasserwaardsk | |
dialekten | Utertsk-Alblasserwaardsk, Eemlânsk | |
taalstatus | ||
offisjele status | it Utertsk-Alblasserwaardsk wurdt beskôge as in dialekt fan it Nederlânsk; op himsels genietet it gjin erkenning | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | n.f.t. | |
ISO 639-2 | n.f.t. | |
ISO 639-3 | n.f.t. |
It Utertsk-Alblasserwaardsk wurdt oer it algemien beskôge as ien fan 'e haaddialekten fan it Nederlânsk, hoewol't guon taalkundigen it sjogge as in subdialekt fan it Hollânsk. It is net bekend hoefolle sprekkers der presys binne, mar in skatting op basis fan ynformaasje út 1999 kaam út op teminsten 330.000.
It Utertsk-Alblasserwaardsk wurdt sprutsen yn:
De Utertsk-Alblasserwaardske dialektgroep kin opdield wurde yn twa lytsere dialektgroepen. De iene is it Eemlânsk, dat de oergong foarmet fan it Nederlânsk nei it Nedersaksysk en sprutsen wurdt yn it súdlike part fan 'e Gelderske Delling, yn Gelderlân en yn Utert beëasten de Utertske Heuvelrêch. Yn it Eemlânsk komme nochal wat Nedersaksysk-oandwaande foarmen foar.
De oare dialektgroep is dy fan it 'echte' Utertsk-Alblasserwaardsk, dat yn 'e rest fan it gebiet sprutsen wurdt. Yn it westen geane dy dialekten stadichoan oer yn it Hollânsk. Sadwaande stiet bygelyks it Alblasserwaardsk tichter by it Standertnederlânsk as it Stêd-Utertsk.
Fierders bestiet der yn it suden in taalkontinuum mei it Brabânsk en de Súdgelderske dialekten. De gongbere grins is dêr de saneamde gij/jij-isoglosse, dus de line benoarden wêrfan men "jij" en besuden wêrfan men "gij" seit foar "do". Op dy manear falt it Kulemboarchsk noch ûnder de Utertsk-Alblasserwaardske dialekten, wylst it Tielsk in Súdgeldersk dialekt is.
De wichtichste ferskillen tusken it Utertsk-Alblasserwaardsk en it Standertnederlânsk binne de klankferskowing fan "aa" nei "ao" ("ô"), de healsêfte "g" en it falle litten fan 'e "-t" op 'e ein fan wurden nei "ch", "f", "g", "k", "p" en "s" (de saneamde t-deleesje).