Val d'Orcia | ||
UNESCO-wrâlderfgoed | ||
lân | Itaalje | |
kritearia | (iv)(vi) | |
ynskriuwing | 2004 (28e sessy) | |
gebiet | 61,187.9609 ha | |
buffersône | 5,660.0771 ha | |
Webside | ||
www.parcodellavaldorcia.com | ||
Kaart | ||
UNESCO-wrâlderfgoedlist |
Val d'Orcia is in krite súd fan Siena yn it Italjaanske Toskane. Karakteristyk foar it gebiet is it iuwenâlde agraryske kultuerlânskip.
It lânskip ûntstie mei de groeiende macht fan Siena yn 'e 13e en 14e iuw. Grutte ynfloed op it gebiet hie oant it begjin fan 'e lette midsiuwen de famylje Aldobrandeschi, dy't yn Rocca d’Orcia oant healwei de 13e iuw oer it gebiet hearske. Dêrnei makke de rykdom fan 'e keaplju út Siena it mooglik om de lânbou te ûntwikkeljen. Yn dy tiid waard fan it gebiet goede lânbougrûn makke en ûntstie it foar de krite karakteristike kultuerlânskip mei leanen fan sipressen. Hja makken de ûntwikkeling fan nije delsettings, de oanlis fan fêstingen, de bou fan tsjerken en filla's mooglik. Ek krigen renêssânsekeunstners opdracht om yn harren skilderijen it ideale lânskip fan it gebiet as dekor te brûken. Bekende skilders fan dat sjenre binne û.o. Giovanni di Paolo en Sano di Petri.
Mei't oan 'e ein fan 'e 16e iuw de macht fan 'e stêd Siena yn it neigean rekke en der net in soad jild oerbleau foar feroaringen, bleau it lângebrûk tradisjoneel en feroare der net in soad mear oan it lânskip út de renêssânsetiid.
Sûnt 2004 is Val d'Orcia tafoege oan it wrâlderfgoed fan UNESCO. De grins fan it wrâlderfgoed falt tegearre mei de grinzen fan it Parco Artistico Naturale e Culturale della Val d'Orcia. De wichtichste plakken fan it gebiet binne Pienza, wêrfan't it histoaryske sintrum as apart wrâlderfgoed is opnommen, Montalcino, San Quirico d'Orcia, Castiglione d'Orcia, Rocca d'Orcia, Monticchello en Radicofani.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|