Vickers Vimy | |
---|---|
Rol | Bommesmiter |
Makker | Vickers Limited |
Untwerper | Reginald Kirshaw Pierson |
Earste flecht | 30 novimber 1917 |
Yn tsjinst | 1918 |
Ut tsjinst | 1933 |
Tal makke | 239[1] (1918 oant 1925) |
Grutste brûker | Royal Air Force |
Fariant | Sjoch tekst, Vickers Vernon |
De Vickers Vimy wie in Britske swiere bommesmiter út de Earste Wrâldkriich en de perioade fuort dernei. It tastel wie militêr súksesfol en letter ek as boargertastel. Yn de perioade tusken de Wrâldoarloggen binne der ferskate lange-ôfstân rekordsflechten (LOF) mei makke, de bekendste is de non-stop Transatlantyske flecht fan Alcock en Brown yn juny 1919. In oare tige bekende LOF mei in 'Vimy' is dy fan de bruorren Ross Smith en Keith Smith dy't 17.912 km fan Austraalje nei Ingelân fleagen krekt ûnder de 136 oeren.
Streamline hie men yn de begjinperioade fan de loftfeart noch gjin aan fan. De loftwjêrstân fan dy tastellen wie grut. Fan de Vimy waard wol gekjeiend sein dat der 'in ynboude efterút hie', om't it by in stive tsjinwyn it hast like as stie er stil yn de loft.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|