De Widuu (Deensk: Vidå, Dútsk: Wiedau) is in 69 km lange rivier yn de bestjoerlike regio Syddanmark yn it suden fan Deensk Jutlân. Histoarysk wurdt de rivier beskôge as noardgrins fan de regio Noard-Fryslân.[1][2][3] De namme Wiedingharde is ôflaat fan de namme 'Widuu'.
De rivier ûntspringt eastlik fan Tønder en streamt nei it westen ta dêr't de rivier útmûnet yn de Noardsee. Foar in part is de rivier ek ûnderdiel fan de Deensk-Dútske grins.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|