Virneburg | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Mayen-Koblenz | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 368 (31.12.2022)[1] | |
Oerflak | 5,36 km² | |
Befolkingsticht. | 69 ynw./km² | |
Hichte | 402 m | |
Oar | ||
Postkoade | 56729 | |
Koördinaten | 50° 20' N 7° 4' E | |
Offisjele webside | ||
virneburg-eifel.de | ||
Kaart | ||
Virneburg is in Ortsgemeinde fan 'e ferbânsgemeente Vordereifel yn 'e lânkring Mayen-Koblenz, in distrikt yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts.
Virneburg is in plak yn 'e Fulkaaneifel. Gruttere plakken yn 'e omkriten binne Mayen yn it easten en Adenau yn it westen. It plak leit yn in delte en wurdt omfieme troch fjouwer bergen. Yn 'e midden leit in fyfte berch, dêr't it kastiel fan Virneburg op stiet, dat tsjintwurdich in ruïne is.
Troch Virneburg streamt de Nitzbach, dy't by it Slot Bürresheim yn 'e Nette mûnet. It plak leit yn in gebiet mei wâld, greide en boulân.
De skiednis fan it plak Virneburg is nau ferbûn mei de skiednis fan it kastiel. Hjoed-de-dei foarmet de ruïne fan 'e boarch it symboal fan it plak. De boarch waard nei alle gedachten yn 'e twadde helte fan 'e 12e iuw boud en skriftlike boarnen geane werom op it jier 1192. Oan 'e foet fan 'e berch dêr't it kastiel op stie ûnstie letter in delsetting.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Ochtendung (ferzje 20 juny 2024)
|