Westland Lysander | |
---|---|
Rol | Ferbiningsfleanmasine, ferkenningsfleanmasine |
Makker | Westland Aircraft |
Untwerper | Arthur Davenport, Teddy Petter |
Earste flecht | 15 juny 1936 |
Yn tsjinst | Juny 1938 |
Ut tsjinst | 1946 (FK) |
Tal makke | 1.786 |
Grutste brûkers | Royal Air Force, Royal Canadian Air Force, Egyptyske loftmacht Air, United States Army Air Forces |
De Westland Lysander (ferneamd nei de Spartaanske admiraal Lysander) wie in Britsk ferbinings- en ferkenningsfleanmasine, boud troch Westland Aircraft, dy't flak foar en yn de Twadde Wrâldkriich brûkt waarden. De heechdekker fleach foar it earst yn 1936 en kaam yn 1938 yn tsjinst by de RAF. Der binne sa'n 1368 stiks fan makke[1] De taken fan de Lysander wienen artillery-fjoerlieding en ferkenning.
Yn 1939 skeat in Westland Lysander in Heinkel He 111 del en ûnder operaasje Dynamo waarden de Lysanders brûkt om troepen te befoarriedzjen. De tastellen binne ek yn Grikelân, Noard-Afrika en it Fiere Easten ynset.
It die al ier yn 1940 bliken dat de Lysander te kwetsber wie foar de rol dêr't er foar ornearre wie. Dêrom krige it oare taken lykas it ferfier fan persoanen nei en út it fan Nazy-Dútslân besette West-Europa (fral beset Frankryk). Meidat it tastel genôch hie oan in koarte lâningbaan en ymprovisearre fleanfjildsjes wie it dêr in gaadlik fleantúch foar.
De Lysanders waarden úteinlik allinne noch brûkt foar it tôgjen fan sjitskiven en sweeffleanmasines.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Westland Lysander fan Wikimedia Commons. |