Wiglek

Wiglek (Wihtlæg)
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Angelsk
bertedatum ûnbekend
stjerdatum ûnbekend
etnisiteit Angelsk
kening fan 'e Angelen
amtsperioade ûnbekend

Wiglek, eins wierskynlik Wihtlæg en ek stavere of beneamd as Whitlæg, Wighlek, Wiglecus, Witlac en Viglek, is in legindaryske kening fan it Germaanske folk fan 'e Angelen (út noardlik Dútslân). Hy wurdt, ûnder de namme Vigletus, ek neamd as kening fan Denemark, te witten yn 'e Gesta Danorum fan Saxo Grammatikus, mar dat berêst foar 't neist op in misferstân.

Kening fan 'e Angelen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e geneälogyen fan 'e Angelsaksyske keningen wurdt Wiglek beskreaun as in ôfstammeling fan 'e god Woden, dy't yn it Frysk Weda hjit. Dy syn soan Weothulgeot soe neffens de geneälogy yn 'e Angelske kolleksje nammentlik de stamfaar wêze fan it Keninklik Hûs fan Mersia en de heit fan Wiglek. Neffens de Historia Britonum wie Weothulgeot de heit fan Weaga, dy't de heit fan Wiglek wie. De beide ferzjes fan deselde geneälogy dy't yn 'e Angelsaksyske Kronyk opnommen binne, neame lykwols noch Weothulgeot, noch Weaga, en tsjutte Wiglek sels oan as de soan fan Woden. Yn alle ferzjes is Wiglek de heit fan Wermund, dy't wer de heit wie fan Offa fan Angeln, dy't neffens it Aldingelske gedicht Widsith hearske oer de Angelen op it Jeropeeske fêstelân.

Kening fan Denemark

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de tolfde-iuwske Gesta Danorum ('Dieden fan de Denen') soe Wiglek de opfolger west hawwe fan 'e Deenske kening Roarik Slyngebond (Hrærekr Slöngvanbaugi). Hy naam de mem fan Amlet (dy't letter troch Shakespeare ferivige wurde soe as Hamlet) al har besit ôf en beklage him oer de dieden fan Amlet, dy't kening fan Jutlân wie. Amlet bea him lykwols mear rykdommen oan om in fermoedsoening ta stân te bringen. Ynstee sette Wiglek Fiallar ôf, de hearsker fan Skania (dy't him weromloek yn Undensakre), en teach dêrnei mei de legers fan it eilân Seelân en fan Skania op tsjin Amlet. Yn 'e dêropfolgjende fjildslach kaam Amlet te sneuveljen, en syn widdo Hermutrude joech harsels oan Wiglek oer as oarlochsbút. Wiglek stoar oan sykte en waard opfolge troch syn soan Wermund, dy't letter wer opfolge waard troch syn soan Uffo (Offa).

De Amerikaanske histoarikus en ekspêr op it mêd fan 'e Midsiuwen Kemp Malone wol hawwe dat dit hiele ferhaal berêst op in gearraning fan 'e Gautyske kening Wiglaf (de Gauten wiene in folk dat súdlik Sweden bewenne) en de Angelske kening Wiglek.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.