Willem Frederik Reinier Suringar (Ljouwert, 28 desimber 1832 - Leien, 12 july 1898) wie in Nederlânske botanikus. Syn heit wie Gerard Tjaard Nicolaas Suringar, útjouwer yn Ljouwert dêr't syn broer Hugo Suringar, ek útjouwer wie.
Fan 1850 oant 1855 studearre Suringar genêskunde oan de Ryksuniversiteit Leien, dêr't er ek ûnderrjocht yn de botany krige. It lêste jier fan syn stúdzje folge er ek les yn de mikroskopy oan de Ryksuniversiteit Utert by Pieter Harting. Op 13 maart 1857 promovearre er cum laude oan de Ryksuniversiteit Leien en waard dêr itselde jier noch bûtengewoan heechlearaar yn de botany.
Neidat hortusdirekteur Willem Hendrik de Vriese yn 1857 foar ûndersyk nei Nederlânsk-Ynje gie, wie Suringar syn waarnimmer by de Hortus botanicus Leiden. Koart nei it fuortgean fan De Vriese waard Suringar al konfrontearre mei de anneksaasje fan grûn fan de hortus, dy't ûnder direkteur Sebald Justinus Brugmans noch kocht wie, foar de bou fan de Stjerrewacht Leien. Neidat De Vriese yn jannewaris 1862 stoar, noch gjin jier nei syn weromkommen út Ynje, waard Suringar definityf beneamd as hortusdirekteur en gewoan heechlearaar yn de botany. Suringar wurke dêr gear mei syn rjochterhân, hortulanus Heinrich Witte. Yn 1864 waard syn soan Jan Suringar berne, dy't letter syn namme feroare yn Jan Valckenier Suringar (1864-1932). Nei de dea fan herbariumdirekteur F.A.W. Miquel yn 1871 naam Suringar ek de taak fan direkteur fan it Ryksherbarium op 'e noed.
Suringar stichte in botanyske skoalle yn Leien; ferneamde studinten wiene dêr Hugo de Vries, M.W. Beijerinck en Melchior Treub. Suringar wie in prominint lid fan de Nederlandsche Botanische Vereeniging, dy't har doetiids benammen dwaande hold mei de lânseigen floara fan Nederlân. Yn 1870 publisearre er syn Handleiding tot het bepalen van de in Nederland wildgroeiende planten dy't útjûn waard troch syn heit. Dat súksesfolle boek ferskynde fan de fjirde printinge ôf ûnder de titel Zakflora (1880); tusken 1870 en 1920 ferskynden trettjin drukken.
Yn 1884 en 1885 wie Suringar foar wittenskiplik ûndersyk yn West-Ynje dêr't er selskip krige fan de geologen Karl Martin en Gustaaf Molengraaff, de entomolooch J.R.H. Neervoort van de Poll en botanikus Jacobus van Breda de Haan. Suringar syn omtinken waard dêr lutsen troch it plantelaach Melocactus út de kaktusfamylje. Doe't er werom wie yn Leien liet er in sukkulintekas bouwe yn de hortus om Melokaktus te kweken. Tegearre mei syn soan wie er dwaande mei tekenjen, fotografearjen en it beskriuwen fan Melokaktus-soarten. De planten dy't de Suringars kweekten, binne no allegear dea en de soarten dy't sy beskreaun hiene waarden troch de kaktus-spesjalisten Nathaniel Lord Britton en Joseph Nelson Rose identifisearre as ien en deselde soarte.
Yn 1867 wie Suringar lid wurden fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen. Op 12 july 1898 waard er dea fûn yn it Botanysk Laboratoarium, wêrnei't er opfolge waard troch Jacobus Marinus Janse as hortusdirekteur en heechlearaar yn de botany.