William Hudson

William Hudson (Kendal, 1730 - Westminster, Londen, 23 maaie 1793) wie in botanikus en apteker. Hy wie ien fan de earste Britske botanisy en mykologen, dy't in mânske publikaasje oer lânseigen poddestuollen útbrocht hat. Tusken 1765 en 1771 wie er demonstrateur en direkteur fan de Chelsea Physic Garden.

Hudson waard berne tusken 1730 en 1732 yn de White Lion Inn yn Kendal, dy't troch syn heit beheard waard. Hy folge de grammar school fan Kendal en learde dêrnei fierder by in apteker yn Londen.

Yn 1757 waard er adjunkt-bibliotekaris by it Britsk Museum en op 5 novimber 1761, waard er Fellow of the Royal Society.

Hudson syn meast wichtige publikaasje, Flora Anglica, waard yn 1762 útbrocht. Yn 1778 ferskynde in tige útwreide edysje fan de Floara en yn dy snuorje hie er ek plannen foar in Fauna Britannica. Yn 1783 lykwols fleach syn hûs yn Panton Street yn 'e brân en waarden syn samlingen ynsekten en in soad fan syn planten ferneatige. Hudson ferhuze dêrnei nei Jermyn Street.

Hy wurke fan 1765 tot 1771 mei oan de publikaasje Praefectus Horte en makke de yndieling neffens de klassifikaasje fan Carl Linnaeus fan de troch John Ray (1627-1705) beskreaune planten. Hy briefke ek mei Linnaeus.

Sûnt 1791 wie er lid fan de Linnean Society of London.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Allen G. Debus (dir.) (1968). World Who’s Who in Science. A Biographical Dictionary of Notable Scientists from Antiquity to the Present. Marquis-Who’s Who (Chicago) : xvi + 1855 p. ISBN 0837910013