Wire

Wire
band
Wire yn 2008
Wire yn 2008
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Britsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Punk
bestean 19761980,
19851992,
1999–No
label(s) Harvest,
Mute,
Pinkflag
âld-leden George Gil gitaar (1976–1977),
Bruce Gilbert gitaar (1976–2004)
leden
Sang &
Gitaar
Colin Newman
Gitaar Matthew Simms
Bas Graham Lewis
Drums Robert Grey

Wire is in Ingelske punkband oprjochte yn 1976 yn Londen. De band brocht yn 1977 syn debútalbum Pink Flag út. Yn 1980 waard de band opheft, mar yn 1985 waard in trochstart makke, om yn 1992 der wer mei op te hâlden. Fanôf 1999 is de band wer aktyf. Wire hat santjin studio-albums en seis live-albums útbrocht.

Colin Newman is de foaroanman fan de formaasje; de oare trije leden binne Bruce Gilbert as gitarist, Robert Grey (alias Robert Gotobed) as drummer en Graham Lewis as bassist en meisjonger. Gotobed ûntsloech himsels yn 1990 om't er himsels net mear noadich achte doe't de groep in kar makke foar elektroanika — dêrop feroare de band har namme ta trije letters: Wir, lykwols sûnder de útspraak /waıə/ te wizigen. As Wir wurdt ien album útbrocht. Nei de weromkomst fan Robert Grey yn 2000 waard de namme feroaring wer ûngedien makke.

Wire wie ynearsten in punkrockgroep. Har earste album Pink Flag, út 1977, is in skoallefoarbyld fan simpele punk mei aparte net regelmjittige songstrukturen en in grut oantal tige koarte nûmers, fan soms amper in heale minút. Op dat album stie ek it nûmer 'Mannequin', dat in ier new wave-ikoan wurden is. Yn 1978, mei Chairs Missing, waard de simpele punk al wat tebek set. Producer Mike Thorne soarge foar fernijende syntesizerkonstruksjes dy't it stimmige, evokative karakter fan de groep stal joech.

Fan it album 154 ôf yn it dêrop folgjende jier waard noch mear eksperimintearre. Soks is goed te hearren oan de ynmoedige tsjustere nûmers 'A Touching Display' en 'The Other Window' en oansteklike popdeuntsjes as 'Map Ref. 41°N 93°W' en 'The 15th'. Lykwols late dizze twaspjalt ta ferskillende stilistyske rjochtingen, wat opfalt yn it live-album Document and Eyewitness is dat it fol stiet mei eksperiminteel materiaal.

Nei 1981 foel Wire de fakto út elkoar en gongen de bandleden har eigen wei. Colin Newman gie solo, Gilbert en Lewis foarmen de band Dome. Yn 1985 kaam de band wer by elkoar. It wurk dat se fan doe ôf makken gong hieltyd mear de kant út fan elektroanyske muzyk, wêrtroch't drummer Gotobed oerstallich waard. Yn de 90-jierren wurken de bandleden meast oan har eigen projekten, it ienige album fan it trijemanskip is The First Letter dat mei mingde reaksjes ûntfongen waard. Pas yn 1999 geane de bandleden har wer mear mei Wire bemuoien en ûntwikkelje in oare styl mei hoekige gitaarpartijen en snelle drums. Twa EP's en it album Send wurde útbrocht.

Wire wurdt troch in protte letter rockgroepen sjoen as in wichtige ynspiraasjeboarne. Nettsjinsteande in lytske tal platen dat fan de band ferkocht binne, is har reputaasje mânsk en falt te fergelykjen mei bands as The Velvet Underground.

Album Utbrocht op Label Single(s)
Pink Flag novimber 1977 Harvest Dot Dash,
Options R
Chairs Missing 8 septimber 1978 I Am the Fly,
Outdoor Miner,
A Question of Degree
154 21 septimber 1979 Map Ref. 41°N 93°W
The Ideal Copy april 1987 Mute Ahead
A Bell Is a Cup... Until It Is Struck 16 maaie 1988 Kidney Bingos,
Silk Skin Paws
It's Beginning to and Back Again maaie 1989 Eardrum Buzz,
In Vivo
Manscape 15 maaie 1990 Life in the Manscape
The Drill april 1991 In Every City?
The First Letter 14 oktober 1991 So And Slow It Grows
Send 28 april 2003 Pinkflag
Object 47 7 july 2008
Red Barked Tree 20 desimber 2010
Change Becomes Us 18 maart 2013
Wire 13 april 2015 Joust & Jostle
Nocturnal Koreans 22 april 2016
Silver/Lead 31 maart 2017 Short Elevated Period,
Diamonds In Cups
Mind Hive 24 jannewaris 2020 Cactused,
Primed and Ready
Album Utbrocht op Label
Document and Eyewitness july 1981 Rough Trade
It's All in the Brochure maaie 2000 Pinkflag
Wire on the Box: 1979 4 oktober 2004
The Scottish Play: 2004 28 maart 2005
Live at the Roxy, London –
April 1st & 2nd 1977/Live at CBGB Theatre,
New York – July 18th 1978
13 novimber 2006
The Black Session: Paris, 10 May 2011 14 febrewaris 2012

Kompilaasje-albums

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Album Utbrocht op
And Here It Is...Again... novimber 1984
Wire Play Pop maart 1986
In the Pink augustus 1986
On Returning (1977–1979) july 1989
The Peel Sessions Album jannewaris 1990
1985–1990: The A List 17 maaie 1993
Behind the Curtain:
Early Versions 1977 & 78
5 maaie 1995
Turns and Strokes maaie 1996
Coatings 21 oktober 1997
PF456 Redux april 2003
10:20 19 juny 2020

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]