Yakima (rivier)

Streamgebiet fan de Yakima
Washington steatswei 10 njonken de Yakima by it doarp Thorp.

De rivier de Yakima (Ingelsk: Yakima River) is in rivier yn it súdmidden fan de Amearikaanske steat Washington. De rivier hat syn namme krigen fan de Jakama-Yndianen, dy't de rivier Tap Teel nommen. De rivier is 344 km lang en it hat in trochsneed delrinnen fan 1,866 m/km. De rivier ûntspringt yn de Cascades berchtme by de Keechelus Daam yn it Keechelus Mar by Snoqualmie Pass. It rint troch it doarp Easton, by de plakken Thorp, Ellensburg en dan bûcht hy nei it suden nei de stêd Yakima wêr hy lâns rint om dan yn Richland yn de rivier de Kolumbia út te mûnen op in hichte fan sa'n 100 m. De iere bewenners wiene yndianen en op 17 oktober 1805 kaam de Lewis en Clark Ekspedysje oan by de mûning fan de rivier, mar farren de rivier net fierder op.

Lânbou en rekreaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rivier foarmet in wichtige boarne foar bewettering fan it drûge, mar frjochtbere lân yn benammen de Kittitas en Yakima Falleien. Der is dêr in ryk ferskaat fan lânbou, lykas druven, wynbou, kjersen, apels, ierdappels, hops, hea, weet, mais, ensfh. mei in totaal oerflak fan sa'n 2600 km². Ek is der in soad rekreaasje, lykas rafte, kayakke. Benammen by Ellensburg en Richland wurdt dit in soad dien. Ek binne der kuierpaden by Richland en de Yakima River Canyon, in kleau tusken Ellensburg en Selah.

Rafters op in simmerdei op de Yakima by West Richland, Washington.

Doarpen en stêden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Yakima besuden Union Gap mei yn de fierte de Ahtanum en Rattlesnake heuvels.

De Yakima Fallei (Ingelsk: Yakima Valley) is in delling fan de rivier de Yakima yn Yakima County en Benton County. It wurdt begrinze troch de Cascades yn it westen, de Umptanum en Rattlesnake heuvelriges yn it noarden en noardeasten en de Toppenish en Horse Heaven Hills heuvelriges yn it suden. De delling bestiet út in hegere delling (Upper Valley) en in legere delling (Lower Valley). De hegere delling leit noardliker en skiedt him mei de Ahtanum en Rattlesnake heuvelriges ôf fan de legere delling, mei in gat (gap) tusken de Ahtanum en Rattlesnake riges justjes besuden Union Gap, wêr't de rivier de Yakima troch stroomt. De hegere delling hat in hegere befolkingstichtens mei de stêdekloft fan Grutter Yakima mei sa'n 130.000 ynwenners. De delling sels is net flak, mar hat in weagjend gea en hat sels ek lytsere heuvelrychjes, lykas Snipes Mountain. Yn beide parten fan de delling is der in ryk ferskaat oan lânbou. Benammen fruit en wyngerds, mar ek hop (75% fan de totale produksje fan de FS komt út de Yakima Fallei), weet, mais en feehâlderijen. It diel besuden de Ahtanum heuvels, de Yakima rivier oant Mabton falt ûnder de Jakama Yndianereservaat, dat sa'n 3600 km² fan de delling beslacht. Yn 1905 is de Yakima Basin Project úteinset. Dat is it bewetterjen fan de drûge, mar frjochtbere lân yn de delling, wêr't jierliks in trochsneed wetter delfal fan ûngefear 200-220 mm is. Mei dit projekt binne bewetterings sleatten groeven fan de Yakima rivier troch de Fallei hinne om it wetter fan de rivier te ferfieren. In wichtige sleat is it Sunnyside Kanaal. De bewettering wurdt beheard troch 2 wetterskippen lykas de Sunnyside Valley Irrigation District en Roza Irrigation District. De bewettering yn de Jakama Yndianereservaat falt ûnder it bestjoer fan it reservaat.