Zaandijk

Zaandijk
Gortershoek
Gortershoek
Emblemen
               
Bestjoer
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Saanstêd
Sifers
Ynwennertal 8.485 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 11,25 km²
Oar
Postkoade 1544
Koördinaten 52° 28 'NB, 4° 48 'EL
Offisjele webside
zaandijkleeft.nl
Kaart
Zaandijk (Saanstêd)
Zaandijk

Zaandijk is in doarp en eardere gemeente yn 'e provinsje Noard-Hollân. Sûnt 1974 heart it doarp by de gemeente Saanstêd. It doarp bestiet út it âlde Zaandijk en de jongere en gruttere wyk Rooswijk. De doarpsdielen wurde troch it spoar en de N203 fan inoar skieden. Zaandijk is it jongste doarp en ien fan 'e lytsere doarpen fan 'e gemeente.

Fan alle doarpen hat Zaandijk yn 'e gemeente noch it bêste syn Saanske karakter bewarre, dat oan 'e igge fan 'e Saan goed te sjen is. De nôtmûne De Bleeke Dood is in ier-yndustrieel monumint fan Zaandijk.

It meast bekend is Zaandijk troch de Saanske Skâns, dy't foar it doarp oer oan 'e oare kant fan 'e Saan leit. It heart ta it wrâlderfgoed fan UNESCO en is ien fan 'e grutste toeristyske trekpleitsers fan it lân. Offisjeel leit de Saanske Skâns lykwols yn it doarpsgebiet fan Saandam. By de Saanske Skâns heart ek it Saansk Museum.

Zaandijk hat 8.485 (1 jannewaris 2023) ynwenners.

Zaandijk is ien fan 'e gemeenten wêrfan't de stifting oant op 'e dei sekuer is byholden. In ‘tjaer ons Heeren duysent vier hondert vier en negentigh, den twintigsten dagh in september" krige Heyndrick Pieterss mei de bynamme Ald-Hein fergunning in wente op 'e legedyk oan 'e Saan te bouwen. Dy lege dyk, de Lagedijk, bestiet no noch as strjitte yn Zaandijk. It is bekend dat de man fiif soannen hie, dy't harren tichteby it âldershûs nei wenjen setten. Dêrom waard it buorskip goed 100 jier letter ynearsten "D'Vijf Broers" neamd. De nammen Zantdijc en Saandijk rekken earst likernôch 120 jier letter yn 'e moade.

Yn 1570 bestie it buorskip út 19 hûzen, dy't yn 1572 yn de Tachtichjierrige Kriich troch de Spanjaarden ferneatige waarden. Nei't it gebiet wer feilich wie groeide Zaandijk stadich. De earste iuwen hiene de bewenners gjin eigen bestjoer. It gebiet foel doe noch ûnder de Banne Westsaan, in rjochtgebiet west fan 'e Saan, dêr't Westsaan it haadplak fan wie en de bestjoersmacht útoefene. Ek de letter ûntstiene doarpen Westzaandam, Koog en Wormerveer hearden dêrby. Om't dy doarpen yn 'e 17e iuw grutter waarden as Westsaan, woene se harren langer net deljaan ûnder dat doarp. Dat gie net sûnder slach en it duorre dêrom noch oant 1811 dat Zaandijk selstannich waard.[1]

Yn 1974 kaam der nei 163 jier in ein oan 'e selsstannigens fan Zaandijk.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nôtmûne "De Bleeke Dood".
  • It âlde Zaandijk by de Saan wurdt de Gortershoek neamd. It is beskerme doarpsgesicht en der binne noch in soad houten hûzen.
  • De nôtmûne De Bleeke Dood is in bekende stellingmûne om't lang tocht waard dat it de âldste stellingmûne fan Nederlân wie. Nei dendrogronologysk ûndersyk waard lykwols fêststeld dat de mûne yn 1782 boud wêze moat.
  • It Weefhûs út 1650 wie oarspronklik in pakhûs en waard yn 'e 19e iuw ferboud ta wente. By it Weefhûs leit in beeldetún.
  • De eardere herfoarme tsjerke út 1880 is net mear yn gebrûk as tsjerke en is ferboud ta wenten.
  • It âlde riedshûs oan 'e Legedyk 106 hat in moai ynterieur.
  • It Honig Breethûs is om 1710 hinne boud troch Cornelis Jacobss. Honig, eigner fan 'e papiermûne De Vergulde Bijkorf. Yn it hûs is beskilderd behang te sjen, in fersierde túnkeamer en kasten fol diggelguod,
  • De âlde houten arbeidshûzen mei dêrtusken de sletten oan 'e Domineestuin en het Hazepad, dy't foar in part troch de bewenners sels restaurearre binne nei harren ferset tsjin de gemeenteplannen fan 'e jierren 1970 om se ôf te brekken.
  • It Zaandijker Slûske (hoeke Lagedijk/Hazepad) mei sicht op 'e Saanske Skâns en oer de Saan.

Bûten it doarp oan 'e oare kant fan 'e Saan mar op it doarpsgebiet fan Saandam leit de Saanske Skâns.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: