Ald Opperhaad Smook | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Šóta | |
oare namme | Old Chief Smoke | |
berne | oktober 1774 | |
berteplak | ? | |
stoarn | septimber 1864 | |
stjerplak | Fort Laramie (Wyoming) | |
etnisiteit | Lakota-Sû (Sioux) | |
wurkpaad | ||
berop/amt | opperhaad fan de Oglala | |
jierren aktyf | 1797 – 1864 |
Ald Opperhaad Smook (Lakota: Šóta, útspr.: ['ʃo:ta] (eins "Smook"); Ingelske oersetting: Old Chief Smoke; oktober 1774 – Fort Laramie (Wyoming), septimber 1864) wie in opperhaad fan 'e Oglala-substamme fan 'e Lakota-Sû (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. De tafoeging "Ald" wie om him te ûnderskieden fan ien fan syn soannen, dy't ek fan Smook hiet. Hy wie ien fan 'e lêste grutte Lakota-opperhaden dy't har hiele libben yn frijheid op 'e iepen flakten trochbrochten, sûnder har ea yn in reservaat te fêstigjen.
Ald Opperhaad Smook waard berne yn oktober 1774 as de soan fan Rint Sjende, in frou út in foaroansteand laach fan 'e Oglala-Lakota (dat nei him ek wol it Smook-folk neamd wurdt), en Lichemsdielen, in kriger fan 'e Lakota-substamme fan 'e Swartfuotten. Syn susters wiene Wite Ko, de mem fan it Minnikonzjû-opperhaad Inkele Hoarn, en Rint-Wylst-Hja-Tinkt, de mem fan it Oglala-opperhaad Reade Wolk. (Dy lêste waard yn it gesin fan Ald Opperhaad Smook grutbrocht nei't syn âldelju omkommen wiene doe't er noch mar trije jier wie.) Ald Opperhaad Smook hie fiif froulju: Sjende Wolk, fan 'e Minnikonzjû-Lakota; Komt-Der-Stadich-Ut, fan 'e Oglala-Lakota; Brânde-Har, fan 'e Brulee-Lakota, Gielhierrige Frou, fan 'e Súdlike Sjajinnen, en Brúneagige Frou, fan 'e Hûnkpapa-Lakota. Under syn bern wiene Opperhaad Smook de Jongere, Aldman-Dy't-Bang-Is-foar-Syn-Hynders (de heit fan 'e bekendere Jongeman-Dy't-Bang-Is-foar-Syn-Hynders) en Amerikaansk Hynder de Aldere. Sa wie Ald Opperhaad Smook besibbe oan in grut diel fan 'e njoggentjinde-iuwske foaroanmannen fan 'e Lakota. Hjirûnder foar de dúdlikheid in skematyske werjefte fan it geslacht.
Ald Opperhaad Smook waard as bern troch syn âldelju Steande Bolle neamd, mar syn bynamme wie Smook. Letter joech er as earbewiis dy namme wei oan syn soan, dy't foartiid Min Gesicht hjitten hie, en naam er sels de namme Stadige Bizonbolle oan. De namme Smook bleau lykwols oant syn dea oan him klibjen.
Yn syn jonkheid wie Ald Opperhaad Smook in betûft fanger fan 'e wylde mustangs en in grut kriger. Hy waard al ier útroppen ta ien fan 'e ogle taŋka un of "himddragers", wat sizze woe dat er tenei de krigers yn 'e striid liede soe. (Yn 1864, koart foar syn dea, joech er dat himd kado oan 'e Amerikaanske kolonel William O. Collins, doe't dy't in besyk brocht oan syn kamp. Collins joech it sels yn 1866 wei oan it Smithsonian Ynstitút yn Washington, D.C., dêr't it noch altyd bewarre wurdt as ûnderdiel fan 'e antropologyske kolleksje fan it Nasjonaal Natuerhistoarysk Museum.)
Yn 1797 waard Ald Opperhaad Smook keazen ta ien fan 'e wichtichste opperhaden fan 'e Oglala-Lakota, in funksje dy't er syn hiele fierdere libben behâlde soe. Yn 1834 besocht it opperhaad Mantsjebear om Smook syn plak yn te nimmen, mar dat slagge him net. Fan gefolgen rekken de Oglala ferdield tusken de folgelingen fan Ald Opperhaad Smook en de oanhingers fan Mantsjebear, in spjalting dy't tsientallen jierren trochwurkje soe en ien fan 'e ûnderlinge rivaliteiten wie dy't de Lakota yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw ferswakken yn harren striid tsjin 'e Amerikanen.
Ald Opperhaad Smook kaam yn septimber 1864, doe't er 89 jier âld wie, oan natuerlike oarsaken te ferstjerren by Fort Laramie, yn 'e steat Wyoming. In pear dagen nei syn dea waard syn stoflik omskot stellen troch de Amerikaanske legerdokter luitenant-kolonel Henry Schell, dy't te Fort Laramie stasjonearre wie. Hy stjoerde it lyk nei it Smithsonian Ynstitút yn Washington, dêr't it 130 jier lang as in kuriositeit tentoansteld waard. Pas yn 1994 oardiele de rjochter dat it stoflik omskot oan 'e neikommelingen fan 'e âldman weromjûn wurde moast, en koe Ald Opperhaad Smook einlings begroeven wurde te Porcupine, yn Súd-Dakota.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |