Alde Ouwer | ||
Klokkestoel | ||
Bestjoer | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 85 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oar | ||
Ferkearsieren | A6 | |
Postkoade | 8515 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 55' NB, 5° 47' EL | |
Komboerd | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Alde Ouwer yn de eardere gemeente Skarsterlân |
Alde Ouwer is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren. Alde Ouwer leit yn de Trijegeaster Feanpolder oan de noardkant fan de Tsjûkemar en eastlik fan de Skarster Rien.
It doarp hat 85 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Aldeouwer foarmet mei Ousterhaule en Ousternijegea, de Ouster Trijegea, sis mar in trijeling-doarp. Ousterhaule is it grutste fan it trijetal, mei likernôch 300 ynwenners. Ousternijegea hat minder as 100 ynwenners. Oan de Tsjûkemar is in surfstrân.
It doarp hat gjin kearn mei in tsjerke. De pleatsen lizze ferspraat en it doarp hat allinnich in tsjerkhôf mei ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân. Op de klok fan 1952 stiet te lêzen:
Nij myn lûd, âld myn bea,
Frede oer it Ouster gea
Alde Ouwer is it âldste doarp fan de Ouster Trijegea. De namme jout oan dat Ousternijegea en de Haule ("de hichte") letter bewenne rekke binne. It wurd “Alde” en “Ouwer” ferwiist nei “âlde igge”. It streekdoarp is fan midsiuwske oarsprong. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus (1718) leit Alde Ouwer tusken de greide- en healannen benoardwesten de Atsepoel. It doarp hie eartiids 26 stimmen. It doarp oan de kant fan de Tsjûkemar hat yn de rin fan tiid in protte lân ferlern oan it wetter.
De Trijegeaster polder (1000 pûnsmiet) is yn 1740 troch jonkhear Johan Vegelin fan Claerbergen oanlein. Der wienen doe 16 pleatsen. Der is nei dy tiid ek in soad grûn ferfeante. Yn de santiger jierren wie Trijegea yn ’t nijs troch in marreplan dat úteinlik net troch gie.
Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 lei it doarp yn it súdeasten fan de gemeente Doanjewerstâl. Dêrnei waard it doarp part fan de gemeente Skarsterlân dy't yn 2014 opgie yn de nije gemeente De Fryske Marren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |