Aldemardum | ||
PKN-tsjerke 'De Fontein' | ||
Bestjoer | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.395 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oar | ||
Postkoade | 8567 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 51' NB, 5° 32' EL | |
Besikersintrum Mar & Klif | ||
Lytse bank by de doarpspomp yn it sintrum | ||
Offisjele webside | ||
Webstee Aldemardum | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Aldemardum yn de eardere gemeente Gaasterlân-Sleat |
Aldemardum is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren. It doarp leit yn it súdwesten fan de gemeente oan de Iselmar. Oant 2014 hearde it doarp by de gemeente Gaasterlân-Sleat. It doarp is by toeristen fral bekend om it Aldemardumer Klif.
It doarp hie op 1 jannewaris 2023 1.395 ynwenners.
De namme Aldemardum wurdt foar it earst neamd yn 1329, mar de earste delsettingen bestienen al foar 850. Eartiids feroare de namme fan ‘Meretha’, yn ‘Merthen’, ‘Maerdum’, ‘Merthum’ en ‘Mirdum’ nei ‘Aldemardum’.
Troch de âlde doarpskearn mei in brink docht Aldemardum wat Drintsk oan. Dy âlde, let-midsiuwske, doarpskearn bestiet út De Brink, de tsjerke (in ryksmonumint) en de Alde Buorren. Yn de 19e iuw waard de doarpskearn útwreide mei de Jan Schotanuswei en de Tsjerkestrjitte, beide mei in pear âlde pleatsen en huzen oan beide kanten fan de dyk. Midden yn it doarp Aldemardum stiet ek doarpshûs "'t Klif".
Aldemardum leit yn Gaasterlân, dêr’t yn 2007 sa’n 20 dasseburchten yn te finen binne. Der binne ferskate 'dassetunneltsjes' oanlein om it bist te beskermjen tsjin it ferkear. De das is ek de maskotte fan it besikerssintrum "Mar en Klif".
De Riniastate leit eastlik fan Aldemardum oan de Star Numanwei. It hûs is yn 1843 foar Geertruida Wilhelmina Godarda Johanna Rinia van Nauta (widdo Drieling) yn neoklassisistyske styl boud neffens in ûntwerp fan de Ljouwerter stedsarsjitekt Thomas Romein. It hat in moai ynterieur.
In 19e iuwsk lânhûs fan grytman Gerard van Swinderen.
De Stienrûte is in rûte mei balstiennen út Skandinaavje dy't yn de foarlêste iistiid, 140.000 jier lyn, yn Gaasterlân komd binne. Se lizze op in soad plakken, as grins, as monumint of samar foar de pronk. Der lizze in soad op de hiemen mar der sitte noch folle mear yn de grûn. By tweintich stiennen binne ynformaasjebuordsjes delset.
By it Aldemardumer Klif, en deirekreaasjeterrein "De Hege Gerzen" leit midden yn in stik lân in bysûndere heuvel. Op de heuvel steane hagedoarnen; de heuvel wurdt yn de folksmûle "De Mergelbult" neamd. Dy bult is oerbleaun fan de mergelwinning, dy't hjir om 1900 wie. Mergel is in mingsel fan klaai en kalk en kin as kalkdongstof brûkt wurde op lânbougrûn. It bysûndere heuveltsje is de stoartbult fan dizze graverij út ± 1900.
It doarpskrantsje hjit "It Pompeblêd". It doarpshûs is fêstige yn it multyfunksjoneel sintrum "it Klif".
Katoliken fan it doarp geane nei tsjerke yn Balk of Bakhuzen. Baptisten geane nei "It Beaken" yn Koudum.
Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2007 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1.013 | 882 | 862 | 842 | 928 | 1.330 | 1.380 |
De busline troch Aldemardum wurdt fersoarge troch Qbuzz. De folgjende line rydt troch Aldemardum:
Alle strjitten yn Aldemardum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|