Alex Bein | ||
Alex Bein | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Alexander Bein | |
nasjonaliteit | Dútsk, Israelysk | |
berne | 21 jannewaris 1903 | |
berteplak | Steinach an der Saale | |
stoarn | 20 juny 1988 | |
stjerplak | Stockholm | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Argivaris | |
aktyf as | Skiedkundige | |
bekendste wurk(en) |
biografy fan Theodor Herzl | |
prizen | Israelpriis (1987) |
Alex Bein (Hebriuwsk: אלכסנדר ביין, berne as Alexander Bein; Steinach an der Saale, Dútslân 21 jannewaris 1903 - Stockholm, 20 juny 1988) wie in Dútsk-Israelysk skiedkundige en argivaris fan Joadsk komôf. Hy wie ien fan de earsten dy't de skiednis fan it Sionisme beskreau. Hy is it meast bekend fan syn biografy fan Theodor Herzl.
Alexander Bein waard berne yn in joadske húshâlding. Syn pake Salomon (Shlomo) Bein en heit Mosche Bein wiene foarbidder en de lêste ek learaar oan de Israelyske Folksskoalle yn Steinach. Mids juny 1912 ferfear de húshâlding nei Neurenberch. Nei in stúdzje skiednis yn Erlangen en Berlyn promovearre er yn 1926 yn Berlyn by Friedrich Meinecke mei in dissretaasje oer Alexander Hamilton. Fan 1927 oant 1933 wurke er by it Dútske Ryksargyf yn Potsdam. Sûnt 1933 wie er ynwenner fan Jeruzalem.
Alex Bein wie sûnt 1955 direkteur fan de Sintrale Sionistyske Argiven en tagelyk de earste steatsargivaris fan Israel (1956 oant 1971).[1]
Bein krige de Israelpriis yn 1987 as wurdearring foar syn ûndersyk nei- en de beskriuwing fan de skiednis fan it Sionisme.[2]
In kar:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|