Aäron (Arie) Pais (De Haach, 16 april 1930) is in Nederlânske eks-politikus en earder foarsitter fan de Nederlandse Vegetariërsbond.
Pais folge it Vossius Gymnasium tn Amsterdam en studearre dêrnei ekonomy. Hy wie ekonoom en VVD-politikus, dy't yn 1977 de earste liberale minister fan Underwiis nei de oarloch wie. Hy folge dat jier de sosjaaldemokraat Van Kemenade op en wizige dy syn plannen dy't de werstruktuerearring fan it wittenskiplik ûnderwiis en de middenskoalle oanbelangen. Pais brocht yn 1981 de Wet twafasenstruktuer wittenskiplik ûnderwiis en de Wet op it basisûnderwiis ta stân.
Pais wie heechlearaar foardat er minister waard en ek gemeenteriedslid yn de gemeente Amsterdam. Nei't er minister west hie wie er skraachwurk in jier Earste Keamerlid en doe ficepresidint fan de Europeeske Ynvestearringsbank.
Hy is troud mei Eegje Schoo, dy't ûnder mear ek minister west hat.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Arie Pais fan Wikimedia Commons. |