Auf Achse

Boerd fan Auf Achse.

Auf Achse is in boerdspul fan Wolfgang Kramer foar twa oant seis spilers, ynearsten útjûn troch ASS Altenburger yn 1982, as in reklamespul. Yn 1987 joech F.X. Schmid it spul út as Auf Achse. Nei de oername fan F.X. Schmid troch Ravensburger waard it spul fierders dêr publisearre. Neitiid, doe't Ravensburger it net mear fiere woe, hat Schmidt Spiele yn 2007 in wizige nije edysje útbrocht.

As frachtweinsjauffeur moatte jo sa betûft mooglik frachtferfieren tusken ferskate lokaasjes yn Sintraal-Jeropa. It is wichtich om jo rûtes goed ta te rieden, laadkapasiteiten goed te brûken en in goed bod te meitsjen yn priisoarloggen. Lykwols binne der oare sjauffeurs en ek barrens dy't it frachferfier dreech meitsje. Oan 'e ein fan it spul wint de spiler dy't de heechste winst hat.

Njonken it boerd, hat is spul 6 frachtweinen as spulstikken en 48 guodsstikken, fierders 52 oarderkaarten en 31 barrenkaarten. Dêrneist is er in bousymboal, in filesymboal, in dobbelstien en spyljild.

Auf Achse waard yn 1987 wurdeare as Spiel des Jahres.