Battleship Row

Battleship Row yn Pearl Harbor, oan 'e súdeastkant fan Ford Island, mei de posysjes fan 'e Amerikaanske slachskippen op 7 desimber 1941.

Battleship Row (Ingelsk foar: "Slachskiprige", of frij fertaald: "Slachskipkade") wie in lokaasje oan 'e súdeastkant fan Ford Island, yn 'e lagune Pearl Harbor oan 'e súdlike kust fan it Hawaïaanske eilân Oähû. It makke diel út fan it Marinestasjon Pearl Harbor en wie it plak dêr't de Pasifyske Float fan 'e Amerikaanske Marine foarôfgeande oan 'e Twadde Wrâldoarloch de slachskippen ôfmarje liet. It wie dêrom ek it plak dêr't de Japanners harren bombardemint op rjochten doe't se op 7 desimber 1941 de Oanfal op Pearl Harbor útfierden. Dy deis leine oan Battleship Row sân slachskippen yn 'e mande mei ien reparaasjeskip. In achtste slachskip lei oan 'e súdkant fan Pearl Harbor yn in drûchdok.

Doe't de Amerikaanske Marine besleat om in wichtige marinebasis te fêstigjen yn 'e lagune fan Pearl Harbor, waard yn 1919 de súdeastside fan Ford Island, in eilân middenyn dy lagune, troch de Amerikaanske Legerloftstriidkrêften (de foarrinner fan 'e Amerikaanske Loftmacht) oan 'e marine oerdroegen op fersyk fan 'e Amerikaanske minister fan Oarloch Newton D. Baker. Reden dêrfoar wie dat dy lokaasje, yn 'e midden fan 'e natuerlike haven dy't de lagune foarme, it djipste wetter hie, en dêrôm it gaadlikst wie foar it maneuvrearjen fan oergrutte skippen lykas slachskippen.

Oanfal op Pearl Harbor

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Oanfal op Pearl Harbor.
In foto fan 'e lagune Pearl Harbor nommen út 'e cockpit fan in Japanske bommesmiter by de Oanfal op Pearl Harbor op 7 desimber 1941. De foto sjocht út op it súdeasten. Yn 'e midden Ford Island mei syn fleanfjild foar marinefleantugen. Battleship Row, dêr't de slachskippen ôfmarre lizze, is te sjen oan 'e fierste kant fan Ford Island, dêr't ûntploffings it treffen fan 'e slachskippen troch Japanske bommen en torpedo's oanjouwe.

Op 'e iere moarn fan 7 desimber 1941 fierde de Keizerlike Japanske Marine in ferrassingsbombardemint út op it Marinestasjon Pearl Harbor en oare doelen op it Hawaïaanske eilân Oähû. Dat bombardemint wie bedoeld om 'e Amerikaanske Pasifyske Float mei ien ferpletterjende klap út te skeakeljen, sadat de Japanners de hannen frij hawwe soene foar de ferovering fan 'e Amerikaanske, Britske en Nederlânske koloanjes yn Súdeast-Aazje. Om't de oanfal benammen rjochte wie op 'e grutste skippen fan 'e float, krige Battleship Row it it swierst te ferduorjen.

Op 'e tiid fan 'e oanfal leine oan Battleship Row sân slachskippen ôfmarre: de USS Arizona, de USS California, de USS Maryland, de USS Nevada, de USS Oklahoma, de USS Tennessee en de USS West Virginia. Ek oanwêzich wie it reparaasjeskip de USS Vestal. De USS Pennsylvania wie it iennichste slachskip fan 'e Pasifyske Float dat net by Battleship Row foar anker lei om't der ûnderhâld oan ferrjochte waard yn in drûchdok oan 'e súdkant fan Pearl Harbor.

Under de Oanfal op Pearl Harbor rûnen de USS Maryland, USS Pennsylvania en de USS Tennessee relatyf lichte skea op. De USS Nevada, de iennichste fan 'e slachskippen dy't it slagge om 'e trossen los te goaien en by Battleship Row wei te farren, waard troch syn bemanning mei opsetsin oan 'e grûn set om sinken foar te kommen. De USS California en de USS West Virginia waarden ta sinken brocht, mar koene letter relatyf flot burgen en reparearre wurde om wer yn 'e tsjinst nommen te wurden. De USS Oklahoma sonk ek, en rekke sa slim skansearre dat er nei berging net mear te reparearjen wie. Fierwei de measte deaden foelen op 'e USS Arizona, dêr't troch in Japanske bom in munysjemagazyn rekke waard. It skip ûntplofte en sonk dêrnei fluch, mei 1.177 deaden ta gefolch. It wrak fan 'e USS Arizona waard net burgen; ynstee liet men it gewurde om't it as oarlochsgrêf sjoen waard. Yn 1962 waard oer it wrak hinne it Tinkteken foar de USS Arizona oprjochte.

In njoggende slachskip, de USS Utah, wie yn 1931 ôftanke, en tsjinne sûnt dy tiid as doelskip. De USS Utah lei, doe't it bombardemint plakfûn, net oan Battleship Row, mar deunby, in eintsje besuden de súdkant fan Ford Island. Ek de USS Utah waard ta sinken brocht en neitiid lizzen litten. It achtste skip oan Battleship Row, de folle lytsere USS Vestal, dy't njonken de USS Arizona ôfmarre lei, rekke swier skansearre troch twa bommen dy't it slachskip misten. It moast troch de bemanning oan 'e grûn set wurde om sinken foar te kommen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.