Bemmel is in plak en eardere gemeente dy't yn 2001 is opgien is yn de gemeente Lingewaard, yn de provinsje Gelderlân. It plak hat 12.672 ynwenners (1 jannewaris 2009) en leit yn it streamgebiet fan Waal, Nederryn en Linge, yn it gebiet tusken Arnhim en Nymwegen.
Bemmel hat ynternasjonale bekendheid troch de jierlikse dweildei, wêrop dweilorkesten út ferskate lannen nei Bemmel komme. Ek de jierlikse ponymerk en Stoeterij Buitenzorg binne bekend.
It âldste gebou yn Bemmel is de 12e-iuwske herfoarme tsjerke, dy't foar de reformaasje oan de hillige Donatus wijd wie. Midden yn Bemmel stiet it restaurearre kastieltsje De Kinkelenburg, tsjintwurdich in populêre troulokaasje.
It brinkdoarp is yn de perioade 1990-2006 flink útwreide mei in trijetal nije wiken: Klein Rome, Klaverkamp en Essenpas.
In diel fan Bemmel bestiet út uterwaarden. Op de dyk stiet it museumke Dykmagazyn, dêr't ek de Scouting gearkomt.