Best of You (liet fan Foo Fighters)

Best of You
algemiene ynformaasje
B-kant FFL,
Kiss the Bottle" (Jawbreaker-cover),
I'm in Love with a German Film Star,
Spill
artyst Foo Fighters
album In Your Honor
taal Ingelsk
sjenre Hardrock
útbrocht 27 maaie 2005
opnommen jannewaris-maart 2005
doer 4:16
label RCA
skriuwer Foo Fighters
produsint Nick Raskulinecz
Foo Fighters
fideoclip
Foo Fighters - Best Of You (Official Music Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Single top 100 - 94
sertifisearre Austraalje 4x platina,
Kanada goud,
  Denemark goud,
Dútslân goud,
Itaalje goud,
Meksiko platina,
Grut-Brittanje platina,
Feriene Steaten 2x platina
tal covers 1

Best of You is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Foo Fighters yn 2005 en útbrocht op it fyfde album fan Foo Fighters In Your Honor út itselde jier. Best of You is it tredde nûmer op it album en waard op 27 maaie 2005 útbrocht as earste single fan it fyfde album.

Best of You wurdt taskreaun oan alle bandleden fan de Foo Fighters al is it Dave Grohl dy't it nûmer skreaun hat. Nei it meitsjen fan in demo foar it nije album bedarre dit nûmer ynearsten op de planke. It nûmer kaam pas wer fan de planke ôf nei't de producer frêge wêr't it nûmer bleaun wie. It nûmer giet oer it fuortgean by de dingen, dy't je beheine yn wat je kinne en yn wa't je binne.

Oer de fideoklip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fideoklip waard regissearre troch Mark Pellington dy't ek de fideoklip by it nûmer Jeremy fan Pearl Jam regisearre hie. Yn de fideoklip spilet de band op it dak fan in ferlitten sikehûs. Neist de bylden fan de band, wurdt der ôfwiksele mei bylden dy't pine, depresje en eangst toane.

Ferzje fan Anastacia

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Best of You
algemiene ynformaasje
artyst Anastacia
album It's a Man's World
taal Ingelsk
sjenre Pop
útbrocht 2 novimber 2012,
Alinne yn de alpenlannen
opnommen 2011-2012
doer 4:20
label BGM
skriuwer Foo Fighters
produsint Glen Ballard
fideoclip
Anastacia - Best Of You (OFFICIAL VIDEO)

Best of You waard sân jier nei't nûmer dat oarspronklik opnaam waard troch Foo Fighters yn 2012 troch de Amerikaanske sjongeres Anastacia opnei opnaam yn in popmuzyk jaske. En útbrocht op it album It's a Man's World fan Anastacia út 2012. The Sound of Silence wie it twadde nûmer op it album en waard op 2 novimber 2012 útbrocht as twadde single fan it album, mar it kaam alinne yn Eastenryk, Switserlân en Dútslân út op single.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:EN