Bizonsprong

De Head-Smashed-In-bizonsprong yn súdlik Alberta.

In bizonsprong (Ingelsk: buffalo jump) is in klif by in ôfgrûn op 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dêr't Yndianen foarhinne keppels bizons (buffalo) oerhinne dreaune by wize fan jachtmetoade. De bredere term wyldsprong (Ingelsk: game jump) wurdt ek wol brûkt foar kliffen dêr't op gelikense wize op oarsoartige bisten jage waard, lykas op rindieren.

Jagers te foet of te hynder dreaune by dizze jachtmetoade in keppel bizons op ta in panikerige flecht, en laten dy nei in klif ta. As se dêr ienris wiene, koene de bisten troch harren mienskiplike faasje net mear op 'e tiid stilhâlde, en draafde de hiele keppel de ôfgrûn yn. By de fal rekken in protte fan 'e bizons daliks al dea trochdat se op 'e rotsen tepletter foelen, en de oaren brieken yn 'e regel de poaten, sadat se maklike proai wiene foar de rest fan 'e Yndianen, dy't op in ôfstantsje ûnder oan it klif mei spearen wachten om 'e se ôf te meitsjen. Fan 'e deade bisten gie suver neat ferlern. It fleis waard opiten en wat net daliks iten wurde koe, waard goedholden troch der pemmican fan te meitsjen. De hûd waarden brûkt om klean en tinten fan te meitsjen, de bonken waard ark en reau fan makke, de pizen koe men brûke as bôgestring, de hoeven makke men lym fan en de harsens waarden brûkt foar it loaien fan 'e hûden.

Yndianen jeie bizons oer in klif op in skilderij fan Alfred Jacob Miller.

Dizze jachtmetoade wie in barren dêr't de hiele Yndiaanske mienskip, ek de froulju en bern, oan meidwaan koe. Argeologyske fynsten wize út dat it teminsten 12.000 jier lyn al dien waard en rûnom yn gebrûk bleau oant likernôch 1500 (n.Kr.). Troch de yntroduksje fan it hynder krigen de jagers doe sels gruttere faasje en koene se in flechtsjende bizonkeppel op it hynder byhâlde om dravendewei mei pylk en bôge en letter mei it gewear eksimplaren ôf te sjitten. Dêrtroch hie men fan dy tiid ôf minder ferlet fan bizonsprongen, en stoar dy wize fan jeien stadichoan út.

It wie net maklik om in bizonkeppel de goede kant út te driuwen, en alhielendal net as men sels te foet wie en de keppel op folle faasje by lange nei net byhâlde koe. Dêr wie wiidweidige planning mei muoid en net in bytsje lok. Sa moasten de earste dravers de keppel kjel meitsje en yn 'e goede rjochting ta in stampêde bringe, wêrby't se ûnderweis as in soarte fan estafette hieltyd wer ferfongen waarden troch oare dravers dy't yn it lange gers ferskûle leine, en dy't der foar soargje moasten dat de keppel op folle faasje bleau en net fansiden ôfbûgde. Iere blanke ûntdekkingsreizgers skreaune dat de Yndianen leauden dat der út noch yn gjin bizon ûntsnappe mocht; as dat barde soene oare bizons oer dizze jachtmetoade oan 'e weet komme, wat it helte dreger meitsje soe om tenei noch bizons oer in klif te driuwen.

Bizonsprongen ken men gauris werom oan rotsbultsjes, dy't foar de driuwers oanjoegen wêr't se de bizons krekt lâns jeie moasten. It binne plakken fan grut argeologysk belang, mei't it ferwurkjen fan al it fleis lange tiid yn beslach nimme koe, en de Yndianen sadwaande deunby sokke plakken harren kamp opsloegen en der geregeldwei weromkearden. Bizonsprongen hawwe op dy wize bydroegen oan wat bekend is oer it iten, de klean en de tinten fan 'e iere Flakte-Yndianen. Hoewol't de Amerikaanske ûntdekkingsreizger Merriweather Lewis, ien fan 'e lieders fan 'e ferneamde Ekspedysje fan Lewis en Clark, út 1804-1806, it proses fan it jeien mei in bizonsprong oant yn detail beskreau, wie hysels noch, foarsafier bekend, lykfol hokker blanke ek, ea tsjûge fan sa'n jachtpartij.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.