Bob Tisdall | ||
![]() | ||
Bob Tisdall | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Robert Morton Newburgh Tisdall | |
bynamme | It Ierske wûnder | |
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 16 maaie 1907 | |
berteplak | Nuwara Eliya ![]() | |
stjerdatum | 27 july 2004 | |
stjerplak | Nambour ![]() | |
lingte | 1.86 m | |
gewicht | 74 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Atletyk | |
ûnderdiel | Huorderinnen | |
O.S. | Los Angeles 1932 | |
wichtige prestaasjes | ||
![]() |
Robert Morton (Bob) Newburgh Tisdall (Nuwara Eliya Ceylon, 16 maaie 1907 - Nambour Austraalje, 27 july 2004) wie in Iersk huorderinner.
Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen, op de 400 meter huorden yn 51.7 sekonden. Hy rûn it wrâldrekôr en wûn de gouden medalje. Hy ûntfong de medalje, mar net it rekôr, want Tisdall hie de lêste huorde omrûn, wat neffens de doetiidske regels foar rekôrdoelen net tastien wie. Wêrtroch't de tiid fan de Amerikaan Glenn Hardin dy't 51,9 rûn as it nije wrâldrekôr de boeken yn gie.
Nei it beëinigjen fan syn sportkarriêre gie Tisdal nei Súd-Afrika, dêr't er oerdeis in sportskoalle runde dy't er jûns omboude ta nachtklub. Letter hied er in kofjeplantaazje yn Tanganjika (it hjoeddeistige Tanzania). Yn 1969 emigrearre er mei syn frou Peggy nei Austraalje, dêr't er fruit ferboude en feehâlder wie. Bob Tisdal ferstoar op 27 july 2004, yn 'e âldens fan 97 jier
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|