Boeing Model 6/B-1 | |
---|---|
Rol | Postfleanmasine |
Makker | Boeing |
Untwerper | William Boeing |
Earste flecht | 27 desimber 1919[1] |
Ut tsjinst | 1930 |
Tal makke | 1 (1919 - 1927) |
De Boeing Model 6, ek bekend as de B-1 wie in lytse twadekker fleanboat dy't koart nei de Earste Wrâldoarloch ûntwurpen waard troch William Boeing.
It Model 6 wie it earste net-militêre ûntwerp fan Boeing en krige dêrom de oantsjutting B-1. It ûntwerp wie frijwat konvinsjoneel. De Hall-Scott-motor dreaun in triuwpropeller oan en wie ûnder de boppefleugel tusken spanten nei de romp ophongen. De piloat siet yn in iepen cockpit yn de boech; yn in twadde iepen cockpit wie plak foar twa passazjiers. It ûnwerp docht tinken oan de Curtiss HS-2L dy't Boeing ûnder lisinsje boud hie yn de oarloch.
Der waard mar ien tastel makke om't Boeing it ûntwerp net slite koe. De nei-oarlochske merk waard nammentlik oerstreamd mei oerstallige militêre fleantugen. Edward Hubbard kocht it tastel yn 1920 en brûkte it as postfleanmasine tusken Seattle, Washington en Fiktoaria, Britsk-Kolumbia. It fleach oant 1930, mar bleau bewarre en is sûnt 1954 te sjen yn it Museum of History and Industry yn Seattle.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Boeing B-1 fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|