Bourtange

Bourtange
Lokaasje Bourtange yn de eardere gemeente Vlagtwedde
Lokaasje Bourtange yn de eardere gemeente Vlagtwedde
Bestjoer
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerwâlde
Sifers
Ynwennertal 795 1 jannewaris 2019
Oar
Postkoade 2294
Koördinaten 53° 0' NB, 7° 12' EL
Plattegrûn út 1742
Bourtange
It sintrum fan Bourtange
De eardere synagoge, hjoed-de-dei it Joadske Synegogaal Museum

Bourtange (Grinslânsk: Boertang) is in fêstingdoarp yn de gemeente Westerwâlde yn it goa Westerwâlde yn de provinsje Grinslân, dat yn 1593, yn de tiid fan de Nederlânske Opstân, oanlein is. Bourtange, dat oant 1822 in selsstannige gemeente wie, dêr't ek Vlagtwedde, Sellingen, Onstwedde en Ter Apel ûnder foelen. Yn 1811 splitsten Vlagtwedde en Onstwedde harren ôf en sûnt 1822 waard it in part fan de gemeente Vlagtwedde. Yn 2018 waard de gemeente Vlagtwedde gearfoege mei de gemeente Bellingwedde ta de nije gemeente Westerwâlde.

Nei 1960 waard de fêsting yn âlde steat fannijs opboud en krige it de status fan beskerme doarpsgesicht. De greften en wâlen dogge tinken oan in stêd, mar Bourtange hat nea stedsrjochten hân. Hjoed-de-dei is Bourtange in iepenloftmuseum dat beheard wurdt troch de Stichting Festing Bourtange.

De stavering mei ou komt fan Frânske ynfloed. In tange is de namme foar in sânrêch yn in heechfeangebiet, in sânskiereilân yn it fean, besibbe mei tonge yn "lântonge". Neffens guon is de oantsjutting boertange ûntstien om't der op de tange in boerehûs 0f -skuorre boud wie. Yn Westerwâlde betsjut boer lykwols mienskiplik besit fan de boeren. Mooglik is boertange te ferlykjen mei wurden as boermande, boermarke en boerefinne.

It waard yn 1573 Op die Bertaing neamd, en yn 1593 Op d'Boirtange, yn 1612 Bourtange, yn 1658 Bourtanger Fort, yn 1773 Bourtanger Schans en yn 1936 Boertange.

Yn 1580 yn de Nederlânske Opstân keas de stêd Grins de kant fan steedhâlder Rennenberch, dy't oerstapte nei de kant fan Spanje. De stêd krige syn foarrie fanút Dútslân oer in paad hinne oer de sânrêch dy't troch it Boertanger Fean rûn.

Om dat paad ôf te sluten liet Willem fan Oranje op it paad in skâns oanlizze. Nei syn dea waard it wurk troch syn omkesizzer greve Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg fuortsetten. Yn 1594 waard Grins oermastere en waard de fêsting Bourtange part fan it ferdigenjen fan de grins fan de trije noardlike provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte.

De fêsting waard yn 1665 ferbettere yn de Earste Múnsterske Kriich.

Yn 1704 waard der in nij krûdhûs boud mei in nijsgjirrige konstruksje. It dak siet net oan de muorren fêst, sa't der by in ûntploffing net it gânse gebou útinoar spatte soe. Allinnich it dak soe dan skansearre wurde. De muorren, lykas it dak, wiene wol meters tsjok.

Troch it fêstigjen fan boargers krige Bourtange de status fan in fêsting. Yn 1742 waard de grutste omfang berikt. Nijsgjirrich is dat de fêsting Bourtange de foarm fan in fiifhoeke krigen hat.

Yn 1851 waard de fêsting offisjeel opheft en doe waard Bourtange in agrarysk doarp yn Westerwâlde.

Om 1960 hinne rûn it doarp leech. Bourtange gie net mei de tiid mei en it wie ek gjin plak dêr't de jongerein harren tahâlde woe. De gemeente Vlagtwedde liet dêrnei de fêsting fannijs ophelpe yn de tastân sa't dy yn 1742 wie.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fêsting is hoed-de-dei in toeristyske attraksje dy't it besjen wurdich binne:

  • De tsjerke fan Bourtange befettet oerbliuwsels fan de oarspronklike fêstingtsjerke
  • De synagoge fan 1842, waard yn 1974 restaurearre en it Joadsk Synagogaal Museum sit der hjoed-de-dei yn
  • Merkeplein mei iuwenâlde linebeammen
  • Seis museums
  • In kersemakkerij
  • In histoaryske hotel, dêr't de keamers in bedstee hawwe
  • De fêstingsmûne, dy't fannijs wer opboud waard
  • Yn de simmermoannen wurde der histoaryske eveneminten organisearre.
  • It fêstingwurk om it doarp hinne

Ek binne der ferskate winkels en restaurants.

Bourtange is te berikken oer de N365. Bewesten it doarp rint it Bourtangerkanaal, dat in sydtakke fan it Ruiten-Aa-kanaal is, dêr't op 'e hichte fan it doarp de Bourtangerslûs yn stiet.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Westerwâlde
Doarpen:
AgodorpBarnflairBellingwoldeBlijhamBourtangeJipsingboertangeLyts-UlsdaMorigeAldeskânsOver de DijkRhederbrugSellingenTer ApelTer ApelkanaalVeelerveenVlagtweddeVrieschelooWedderheideWeddeWedderveerZandberg
Buorskippen:
AbeltjeshuisBakovensmeeBorgertangeBorgerveldBurgemeester BeinsdorpDe BruilDe BultDen HamEllersinghuizenHanetangeHarpelHasseberchHebrecht't HeemHoornHoornderveenJipsingboermusselJipsinghuizenKoudehoekLammerwegLaudeLauderbeetseLaudermarkeLauderzwarteveenLeemdobbenDe LetheLutjelooDe MatenMunnekemoerOverdiepPallertPlaggenborgPoldertRenneborgRhederveldRijsdamRoelage't SchotSellingerbeetseSellingerzwarteveenSleggeStakenborgStobbenTer BorgTer HaarTer WalslageTer WischTjabbesstreekVeeleVeerste VeldhuisVlagtwedder-BarlageVlagtwedder-VeldhuisWeendeWeenderveldWeiteWessingtangeWesteindWollingboermarkeWollinghuizenWynskoaterhegebrêgeZuidveldSânwykZethuisZuiderburen
Wetter:
B.L. TijdenskanaalMussel-AaMussel-Aa-kanaalRuiten AaRuiten-Aa-kanaalTer ApelkanaalWesterwâldske Aa
· · Berjocht bewurkje