Carel Victor Gerritsen

Carel Victor Gerritsen

Carel Victor Gerritsen (Amersfoort, 2 febrewaris 1850 - Amsterdam, 5 july 1905) wie in Nederlânsk politikus.

De famylje fan Gerritsen hannele mei nôt, mar sels hat er dat allinnich in skoft dien nei't syn heit ferstoarn wie. Hy wie yn Amersfoart al aktyf yn de polityk, en doe't er him út de hannel weromluts en nei Amsterdam gie, waard er dat dêr ek wer. Hy wie foaroanman by de radikalen en wie yn 1892 ien fan 'e stifters fan it Radikale Bûn. Foar distrikt Ljouwert wie er fan 1893 oant 1897 lid fan de Twadde Keamer. Yn 1897 waard er yn Ljouwert ferslein troch Piter Jelles Troelstra. Yn 1901 waard er lid fan de Provinsjale Steaten fan Noard-Hollân. Yn 1905 waard er troch distrikt De Helder op 'e nij yn de Keamer keazen. Ear't Gerritsen syn sit ynnimme koe, kaam er lykwols te ferstjerren.

Gerritsen hold him al jong dwaande mei fraachstikken as oerbefolking, bertebeheining en sosjale misstannen. In oare kwestje dêr't er him lang mei dwaande holden hat is dat yn de Provinsjale Wet en de Gemeentewet in ferplichte eed opnaam wie. Yn 1880 kaam er yn de kunde mei in oare radikale herfoarmer, Aletta Jacobs. De twa stipen elkoar mei harren doelen, en boasken yn 1892. Stipe troch Jacobs berikte Gerritsen yn 1895 dat de eed yn beide wetten fakultatyf waard.