Convair 240 | |
---|---|
Fabrikant | Convair |
Earste flecht | 16 maart 1947 |
Produksjejierren | 1947-1955 |
De Convair 240 wie in Amerikaanske ferkearsfleanmasine, makke troch Convair yn it tiidrek 1947-1956. Convair makke totaal 571 tastellen.
Maaie 2004 wiene der noch 14 Convair 240's, 7 wien dat jier noch fleanree. 78 giene ferlern by ûngemakken.
It fleantúch waard ûntwurpen as konkurrint fan de Douglas DC-3. It tastel hie in drukkabine en twa sûgermotoren en hie plak foar 40 passazjiers.
De Nederlânske KLM wie de earste Jeropeeske maatskippij dy't de Convair 240 oanhelle. De masine tsjinne dêr fan 1948 oant 1959 en waard letter opfolge troch ûnder oaren de Convair 340.
Feiten | |
---|---|
Bemanning | 2 piloaten, 2 man kabinepersoniel |
Passazjiers | |
Lingte | 22,76 m |
Spanwiidte | 27,97 m |
Hichte | 8,20 m |
Klimfaasje | 460 m/min |
Leechgewicht | 11.545 kg |
Startgewicht | 19.283 kg |
Krúsfaasje | 450 km/o |
Maks. faasje | 507 km/o |
Tsjinstplafond | 4.880 m |
Fleanberik | 1935 km |
Oandriuwing | 2 Pratt & Whitney R-2800 CB16 18-sylinder-dûbelstjermotors fan 1764 kW (2400 hk) it stik |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Convair 580 fan Wikimedia Commons. |