Coralie Trinh Thi

Coralie Trinh Thi
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Coralie, Cora Lee,
Coralie Gengenbach
echte namme Coralie Trinh Thi
nasjonaliteit Frânsk
berne 11 april 1976
berteplak Parys (Frankryk)
etnisiteit Dútsk
Fjetnameesk
Frânsk
wurkpaad
wurksum as pornoaktrise, regisseur, auteur
jierren aktyf 19952002
offisjele webside
gjint

Coralie Trinh Thi (Parys, 11 april 1976) is in Frânsk regisseur, aktrise, skriuwster, publisiste en rêstend pornografysk aktrise fan mingd Frânsk, Dútsk en Fjetnameesk etnysk komôf. Under har pornokarriêre wurke hja meast ûnder de namme Coralie. Ek hat se wol wurke ûnder de nammen Cora Lee en Coralie Gengenbach. Hja is benammen bekend wurden mei de troch har regisearre film Baise-moi, út 2000.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Coralie Trinh Thi waard yn 1976 berne yn 'e Frânske haadstêd Parys. Hja sette yn 1995 mei njoggentjin jier útein mei in karriêre as pornoaktrise. Dêrby wurke se yn it begjin in protte gear mei de Frânske regisseur Pierre Woodman, yn films dy't útbrocht waarden troch it Sweedske Private-label. Dêrnjonken wie Trinh Thi ek aktyf foar oare Jeropeeske filmstudio's, wêrûnder it Frânske Vidéo Marc Dorcel, it Dútske Sarah Young Communications en de Italjaanske Mario Salieri Entertainment Group. Letter stiek se de Atlantyske Oseaan oer en wurke se yn 'e Feriene Steaten foar sokke foaroansteande labels as Wicked Pictures, Sin City, Vivid Entertainment, Anabolic Video, VCA Pictures en Jill Kelly Productions. Yn totaal spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn har karriêre yn mear as fyftich pornofilms.

Trinh Thi spile ek yn 'e koarte film Sodomites, dy't ein jierren njoggentich troch regisseur Gaspar Noé makke waard om op 'e Frânske tillefyzje feilige seks te promoaten. Yn 1996 wûn Trinh Thi in Hot d'Or (de wichtichste Jeropeeske pornopriis) yn 'e kategory bêste aktrise. Yn 2009 waard har fierders in eare-Hot d'Or taparte foar har hiele oeuvre. Yn 2000 skreau Trinh Thi it senario foar de film Baise-moi, dy't se tegearre mei Virginie Despentes regissearre en dêr't se sels ek de haadrol yn spile. Dy film, dy't op it reitsflak fan pornografy en mainstream-film balansearre, waard troch de kritisy tige goed ûntfongen. Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Gijón, yn Spanje, waard Baise-moi nominearre foar in Grand Prix Asturias, en op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Locarno, yn Itaalje, sleepte de film in nominaasje yn 'e wacht foar in Gouden Loaihoars. Yn 2002 loek Trinh Thi har út 'e pornoyndustry werom. Sûnt lei hja har û.m. ta op it skriuwen fan boeken.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
1996 Hot d'Or wûn bêste Jeropeeske aktrise n.f.t.
2000 Grand Prix Asturias (Ynternasjonaal Filmfestival fan Gijón) nominearre bêste spylfilm (mei Virginie Despentes) Baise-moi
Gouden Loaihoars (Ynternasjonaal Filmfestival fan Locarno) nominearre bêste film (mei Virginie Despentes) Baise-moi
2009 Hot d'Or wûn eare-Hot d'Or n.f.t.

Bibliografy fan Trinh Thi

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 2002 – Betty Monde
  • 2007 – La Voie Humide: Une Œvre au Rouge
  • 2007 – Osez... la Sodomie

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.