Danny Noppert (De Jouwer, 31 desimber 1990) is in Fryske darter dy't sûnt 2018 útkomt foar de PDC. Syn grutste prestaasje wie it winnen fan de Finder Darts Masters in 2017.
Yn 2018 smiet Danny Noppert de earste njoggendarter ea yn de Fryske dartkompetysje. Yn it tritichjierrige bestean fan it Fryske Darts Bûn smiet noch net earder ien yn kompetysjeferbân sa'n perfekte 'leg'. By in njoggendarter wurdt in leg, wêrby't spilers fan 501 punten sa fluch mooglik op 0 punten komme moatte, mei in minimaal oantal beurten útgoaid. It wie foar Noppert net syn earste njoggendarter. Al twa kear earder smiet er in 'leg', by in nasjonale ranking yn Den Bosch en op in toernoai yn Dútslân.[1]
Yn 2013 spile Noppie syn earste ynternasjonale toernoai, de Winmau World Masters. Op dit telefyzjetoernoai berikte Noppert de kwartfinale. Hy debutearre op Zuiderduin Masters, it ienige telefyzjetoernoai yn Nederlân.
Noppert was in 2015 opnij aktyf op de World Masters. Ditkear kaam Noppert by de lêste 16. Dêrneist die er wer mei oan de Zuiderduin Masters, dêr't hy útskeakele waard yn de kwartfinale.
Yn 2016 spile Noppert mear ynternasjonale toermoaien. Yn febrewaris berikte er de finale fan de Dutch Open. Noch dyselde moanne wûn er syn earste ynternasjonale toernoai, it Open Schotland. Dêr bleau it net by, want yn maart en april wûn Noppert ek de Masters of Waregem, it Four Nations Tournament en de German Open. Troch syn goede risseltaten klom Noppert nei it tredde plak op de BDO-ranking. Dit joech rjocht op dielnimmen oan de Grand Slam of Darts fan de PDC. Op dit toernooi wûn Noppert twa fan de trije poulewedstriden en pleatste him foar de lêste sechtjin. Hjiryn ferlear hy, al hie er in gemiddelde fan 100, mei 10-9 fan Gary Anderson. Op de Finder Darts Masters, foarhinne Zuiderduin Masters, waard Noppert yn de poulefaze útskeakele.
Yn jannewaris 2017 makke Danny Noppert syn debút op Lakeside, it WK van de BDO. Hjir berikte hy de finale troch oerwinnings op Dave Cameron, Richard Veenstra, Scott Waites en Darryl Fitton. Yn de einstriid ferlear Noppert mei 7-3 van Glen Durrant. Yn desimber wûn Noppert de Finder Darts Masters, syn earste telefyzjetitel. Nei it trochkommen fan de poulefaze fersloech Noppert stik foar stik Willem Mandigers, Scott Mitchell en yn de finale Jim Williams.
Troch syn finaleplak fan it jier dêrfoar, wie Noppert automatysk pleatst foar it BDO WK fan 2018. Neidat er dêr syn earste beide wedstriden wûn hie, waard er útskeakele troch Mark McGeeney.
Yn jannewaris 2018, nei syn útskeakeling op Lakeside, liet Noppert witte dat er oerstapte nei de PDC en mei te dwaan oan Q-School. Hjir fertsjinne er in tourcard, sadat hy yn 2018 en 2019 meidwaan koe oan alle Pro Tour-toernoaien fan de PDC.
2019 begûn dreech, Noppert ferlear 4 fan de 6 earste wedstriden fan fliertoernoaien. Dêrnei berikte hy op Players Championship 5 en 6 de heale finale, dêr't hy ferlear fan Gabriel Clemens en Ricky Evans. Op toernoai 5 goaide hy syn earste 9-darter by de PDC. Op de UK Open ferlear hy al yn omloop 3, syn ynstreamomloop mei 6-1 fan Mickey Mansell.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Noppert, Danny fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|