Davis Entertainment | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | filmstudio, tillefyzjestudio | |
fêstige yn | Los Angeles (Kalifornje) | |
oprjochte | 1984 | |
oprjochter | John Davis |
Davis Entertainment is in Amerikaanske film- en tillefyzjestudio. It bedriuw wie yn it ferline ferantwurdlik foar de produksje fan in stikmannich grutte films, wêrûnder Predator, Predator 2, Waterworld, Daylight, Courage Under Fire, Dr. Dolittle en Alien vs. Predator.
Davis Entertainment waard yn 1984 oprjochte troch filmprodusint John Davis. It bedriuw hat trije difyzjes: spylfilm, ûnôfhinklike film en tillefyzje. It ûntwikkelet en produsearret spylfilms en tillefyzjefilms en tillefyzjesearjes foar grutte Hollywood-studio's, ûnôfhinklike filmdistributeurs, tillefyzjenetwurken en keabeltillefyzjestjoerders. Davis Entertainment hie yn it ferline lange tiid in kontraktuële ôfspraak mei de grutte studio 20th Century Fox, wêrby't it bedriuw it rjocht hie as earste in kar te meitsjen út 'e nije projekten fan Fox.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |