| |||||
Gemeente | Súdwest-Fryslân | ||||
Ynwennertal (2018) | 295 | ||||
Webstee | http://www.degaastmar.nl |
De Gaastmar (Nederlânsk: Gaastmeer) is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, west fan Heech. It doarp hie likernôch 287 ynwenners yn 2006. Oant 2011 lei De Gaastmar yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.
Offisjeel bestiet De Gaastmar út twa dielen, Grutte Gaastmar en Lytse Gaastmar, mar se foarmje tegearre wol ien doarp.
It mear as 875 jier âlde Gaastmar is in wettersportplak. It stiet rjochtstreeks yn ferbining mei in oantal oare marren lykas de Fluezen, de Hegemer Mar en de Grutte Gaastmar. It kompleks "De Liuwe Daem" is in grut bungalowpark oan it wetter. De grutte boerepleats Attema Sate, oer de brêge oan de Wide Sleat, is restaurearre en hat in rekreative bestimming krigen. Troch pontsjes oer de Yntemasleat en oer De Grûns kin oer it fytspaad om de Aldegeaster Brekken fytst wurde. Yn 1998 is tusken de Ringwiel en de Sânmar it ferbiningswetter de Skrokfeart oanlein foar kanofarders. Westlik fan it doarp is in fyts- en fuotfear oer De Grûns nei Nijhuzum; súdlik is in fearpont nei It Heidenskip.
De herfoarme tsjerke, de Pieltsjerke, stiet op de monumintelist. De tsjerke hat in moaie iken kânselkûp út de 17e iuw en in restaurearre oargel. De toersklok is fan 1517.
Foar de 1940 waard der troch de De Gaastmarders in soad iel ferhandele mei Ingelân. Der sit no noch in fisker yn it doarp.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|