De Les | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | La Leçon | |
auteur | Eugène Ionesco | |
taal | Frânsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | absurdisme | |
1e publikaasje | 1951, Parys | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Les | |
publikaasje | 1982, Ljouwert | |
útjouwer | Tryater | |
oersetter | Pyt van der Zee |
De Les, yn it oarspronklike Frânsk: La Leçon, is in toanielstik yn ien bedriuw fan 'e hân fan 'e Roemeensk-Frânske skriuwer, toanielskriuwer, essayist, dichter en literatuerkritikus Eugène Ionesco (1909-1994). It stik heart ta de Frânske literêre streaming fan it Théâtre de l'absurde ("Teäter fan it Absurde"), dêr't it in wichtich foarbyld fan is. It waard foar it earst publisearre en opfierd yn 1951. Sûnt 1957 wurdt it ûnôfbrutsen eltse jûn opfierd yn it Théâtre de la Huchette, yn Parys, yn in dûbele foarstelling mei in oar stik fan Ionesco, La Cantatrice Chauve (De Keale Sjongster). Mei dêrtroch is it ien fan 'e meast opfierde toanielstikken fan Frankryk wurden. It waard yn 1982 yn it Frysk oerset troch Pyt van der Zee.
It stik fynt plak yn it kantoar en de ytkeamer fan in lyts Frânsk flatappartemint. De Perfester, in man fan 50 oant 60 jier, ferwachtet in nije Learlinge, fan 18 jier. De Faam fan 'e Perfester, in stevige frou yn har middeljierren, sit yn noed oer de sûnens fan 'e Perfester. De Learlinge komt opdaagjen, en dan folget der in absurde en ûnsinnige les, wêrby't de Perfester geandewei almar lulker wurdt om wat er sjocht as de ûnnoazelheid fan 'e Learlinge. Underwilens wurdt de Learlinge hieltyd stilder en hearriger. Sels har sûnens begjint yn 'e knipe te kommen en wat begjint as pinemûle ûntjout him ta in sitewaasje wêrby't de hiele lea har sear docht. Op it hichtepunt fan it stik, nei in lang hoart wêryn't se útspraken útwiksele hawwe dy't neat mei-inoar te krijen hawwe, ferliest de Perfester úteinlik folslein syn geduld en stekt er de Learlinge dea. It stik einiget as de Faam in nije Learlinge deryn lit, en it ferhaal wer op 'e nij begjint.
La Leçon waard yn 1982 ûnder de titel De Les yn it Frysk oerset troch Pyt van der Zee. Dy 41 siden tellende fertaling waard útbrocht by Tryater te Ljouwert, dy't it stik sels ek opfierde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Sources, op dizze side. |