De Reis fan de Wizen

De Reis fan de Wizen
algemiene gegevens
oarspr. titel The Journey of the Magi
auteur T.S. Eliot
taal Ingelsk
foarm poëzij
sjenre gedicht
skreaun 1927
1e publikaasje 1930, Londen
oarspr. útjwr. Faber & Gwyer
bondel Ariel Poems
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Reis fan de Wizen
publikaasje 1975, Drachten
útjouwer eigen behear
oersetter Klaas Bruinsma

De Reis fan de Wizen, yn it oarspronklike Ingelsk: The Journey of the Magi, is in gedicht fan 'e hân fan 'e Amerikaansk-Britske dichter, toanielskriuwer, essayist, útjouwer en Nobelpriiswinner T.S. Eliot (1888-1965). It giet oer de reis fan 'e Wizen út it Easten nei Palestina, om dêr in besyk te bringen oan 'e nijberne poppe Jezus, in ferhaal dat yn 'e Bibel beskreaun wurdt yn it Evangeelje fan Mattéus 2:1-12. Eliot skreau De Reis fan de Wizen yn 'e simmer fan 1927, koart nei't er him bekeard hie fan it unitarisme ta it anglikanisme. It waard foar it earst publisearre as ûnderdiel fan 'e Ariel Poems, yn 1930, en foar it earst oerset yn it Frysk troch Klaas Bruinsma, yn 1975.

De Reis fan de Wizen is skreaun yn it ik-perspektyf fanút it wrâldwurge eachpunt fan ien fan 'e trije wizen. Eliot ferbyldet de wizen net as keningen, sa't se gauris foarsteld wurde, mar as tsjoenders. It allegeduerigen yn Eliot syn wurk weromkearende tema fan 'e ferfrjemding en machteleazens yn in wrâld dy't feroare is, oppenearret him ek hjir wer. De wize sjocht oan 'e ein fan syn libben werom op 'e reis nei Palestina, mar ynstee dat er him fernuveret oer de wûnders út dy tiid, of optein rekket om it doel fan 'e reis, is it gedicht fierhinne in nearzige jammerklacht oer de ûntbearings en ferfeling dêr't de wize ûnderweis ûndergean moast. De jonge Jezus wied er fierders net bot fan ûnder de yndruk, en lykwols beseft er dat de ynkarnaasje fan Gods soan op 'e ierde alles feroare hat. Jezus syn berte markearre de ein fan it tiidrek fan tsjoenderij en astrology, en dêrmei fan it libbensdoel fan 'e wizen. De sprekker, waans wrâld sadwaande stoarn is, freget him ôf wat er sels noch moat te libjen. Tusken de regels fan it kleiliet fan 'e wize troch brûkt Eliot symbolisme om foarút te wizen nei de takomst; sa sjoggen de wizen op harren reis op in stuit "trije beammen tsjin in lege loft", wat fansels op 'e krusiging fan Jezus slacht.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Journey of the Magi waard ûnder de titel De Reis fan de Wizen yn it Frysk oerset troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't letter fral bekend wurden is troch syn Fryske fertalings fan Homêros syn Ilias en Odyssee. Yn it digitale argyf fan Tresoar is De Reis fan de Wizen werom te finen ûnder oanfraachnû. 075.365. It waard publisearre yn Alternatyf, jg. 6 (1976) nr. 1 s. 70-71. Yn 1976 waard The Journey of the Magi jitris yn it Frysk fertaald, diskear troch Haring Tjittes Piebenga, ûnder de titel De Reis fan 'e Skôgers. Dy oersetting waard yn oktober fan dat jier publisearre yn it tydskrift Lyts Frisia.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Eliot, T.S., De Reis fan de Wizen (oers. Klaas Bruinsma), advint 1975, Tresoar oanfraachnû. 075.365.
  • Eliot, T.S., De Reis fan 'e Skôgers (oers. Haring Tjittes Piebenga), yn: Lyts Frisia, okt. 1976.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.