Down These Strange Streets | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | George R.R. Martin en Gardner Dozois (red.) | |
taal | Ingelsk | |
foarm | ferhalebondel | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2011, New York | |
oarspr. útjwr. | Ace Books | |
kodearring | ||
ISBN | 0 44 10 20 747 |
Down These Strange Streets is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel, gearstald troch de Amerikaanske redakteuren en skriuwers George R.R. Martin en Gardner Dozois. De titel betsjut letterlik "Dizze Frjemde Strjitten Del". It boek omfettet 16 koarte ferhalen (eins 15 ferhalen en in novelle) fan it fantasysjenre. De ferhalen binne skreaun troch foaroansteande auteurs as Charlaine Harris, Simon R. Green, Glen Cook, Diana Gabaldon en Patricia Briggs. Alle ferhalen út Down These Strange Streets waarden yn dizze bondel foar it earst publisearre, hoewol't de measten neitiid troch de respektivelike skriuwers op 'e nij útjûn binne yn eigen ferhalebondels. Down These Strange Streets waard yn 2011 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|