| |||||
Gemeente | Súdwest-Fryslân | ||||
Ynwennertal (2007) | 458 | ||||
Webstee | http://www.doarpsnijs.net |
Eksmoarre is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, west fan Boalsert. It doarp hat likernôch 458 ynwenners (2007). Oant 2011 lei Eksmoarre yn de eardere gemeente Wûnseradiel.
Eksmoarre wie eartiids in fiskersdoarp. It doarp wurdt al yn 845 as besit fan it Kleaster Werden neamd. Troch it drûchlizzen fan de marren der omhinne waard der mear buorke. No is der noch de Eksmoarster Opfeart nei de Makkumer Feart.
Oan de noardkant stiet de grifformearde tsjerke. Mear oan de súdkant is in tsjerke mei sealtek. Yn 1836 is de toer hjirfan ynstoarten troch in wynhoas en waard noch itselde jier ferfongen troch de hjoeddeiske houten boppebou. By restauraasje 1963-1966 kamen ûnder de plasterlaach wei romaanske finsters foar't ljocht.
It doarp hat mei Allingawier it moanneblêd Doarpsnijs.
Bolswarderwei, Bruindeer, Doarpsstrjitte, Ds Wilh A Brakelstrjitte (ferneamd nei Wilhelmus à Brakel), Eksmoardersyl, Hindrik Postmastrjitte, Jelle Huitemastrjitte, Lonje, Marswâl, Surein, Van der Weijstrjitte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |