Emmeloard Emmeloord | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Flevolân | |
Gemeente | Noardeastpolder | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 25.840 (2018) | |
Oar | ||
Stifting | 1943 | |
Ferkearsieren | A6 N50 N331 N351 | |
Postkoade | 8301-8305 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 43' N, 5° 45' E | |
Offisjele webside | ||
www.emmeloord.nl | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Kaart fan Emmeloard |
Emmeloard[1] (Nederlânsk en offisjeel: Emmeloord) is it haadplak fan de gemeente Noardeastpolder yn de Nederlânske provinsje Flevolân. It leit sintraal yn de polder en hat 25.840 ynwenners (2018).
By it ynrjochtsjen fan de polder waard útgien fan ien sintraal plak, Emmeloard, en stjerfoarmige ferbiningswegen nei tsien lytsere doarpen, de saneamde ‘Griendoarpen’: Bant, Kreil, Ens, Espel, Kraggenborg, Luttelgeest, Marknesse, Nagele, Rutten en Tollebeek. De sintrale posysje fan Emmeloard komt werom yn de Poldertoer. Dizze wettertoer stiet yn it geografyske midden fan de polder.
Emmeloard is ferneamd nei it doarpke Emmeloard dat op it eardere eilân Skoklân yn de Sudersee lei. It doarpke hiette Emelwerth. Eem, it earste par fan Emel, is fan it Germaanske ami, in algemiene oantsjutting foar in natuerlike wetterrin. Werth betsjut terp. Fan 1650 ôf wurdt de namme feroare nei Emeloirt. Oirt (troch de i efter de o moat it út sprutsen wurde as oart) betsjut punt, lykas yn Dinteloard en IJoart (letter IJdoarn). De oergong fan werth nei oart hat nei alle gedachten de krijen mei it ôfbrokkelje fan Skoklân. Dêrtroch wie Emelwerth hieltyd minder in terp, mar kaam it hieltyd mear op de punt fan it eilân te lizze.
Yn 1936 waard begûn mei it drûchlizzen fan de Noardeastpolder. Seis jier letter, 1942, wie de polder hielendal drûch makke. Der waard goed 50.000 hektare lân ûntgûn út de Iselmar (de eardere Sudersee). Op 15 desimber 1943 waard it earste hûs fan Emmeloard bewenne.
Tegearre mei de tsien griendoarpen foarmet Emmeloard sûnt 1962 de gemeente Noardeastpolder. Sûnt 1 jannewaris 1986 is de Noardeastpolder ûnderdiel fan de provinsje Flevolân, derfoar ta Oerisel.
Op 22 augustus 1996 kaam Emmeloard yn it nijs omdat by it ûnderhâld oan in ferwaarmingstsjettel in gaseksploazje ûntstie yn de Flevoskoalle. Der rekken 20 minsken ferwûne en der foel ien deade. Letter dy’t bliken dat in min oandraaide moer te oarsaak wie.
Op 10 septimber 1992 krige Emmeloard symboalysk stêdsrjochten tawiisd troch kommissaris fan de Keninginne J.A. van Kemenade fan Noard-Hollân. De bestjoerder hannele yn opdracht fan de Steaten fan Hollân, dêr't de eardere eilannen Skoklân en Urk ta hearden. Dat waard mooglik neidat út dokuminten bliken dien wie dat de Hearlikheid Emelwaerde privileezjes hie. By dy ludike aksje fan de provinsjes Flevolân, Oerisel en Noard-Hollân op Skoklân waard Godin Fortuna as skutspatroan oanstelt. In búste fan har waard jierren lyn yn de boaiem súdlik fan Emmeloard fûn. Har byltenis stiet no by it gemeentehûs en de stêd mei har no 'Civitas Fortunae Emmeloordis' neame. It Kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders fan de gemeente Noardeastpolder meie harren sûnt dat stuit Skout en Skepenen fan de Stêd Emmeloard neame.
De ûntwikkeling fan it ynwennerstal fan Emmeloard sûnt 1990:[2]
|
|
Wiken yn Emmeloard:
Ek binne der op it stuit noch ferskate nijbouprojekten. Der wurdt no noch drok boud oan de wenwyk Emmelhage. In oar projekt is Ekopark, in kombinaasje fan wenjen en arbeidzje by yndustryterrein De Munt.
Der binne trettjin basisskoallen yn Emmeloard, fiif iepenbiere, fjouwer protestantske, twa katolike, ien reformeare en ien reformatoaryske skoalle. Ek binne der trije skoallen dy’t les jouwe yn it spesjale ûnderwiis. Op it nivo fan it fuortset ûnderwiis binne dêr it Zuyderzee College, Emelwerda College, Groenhorst College en it Bonifatius MAVO
De ROC Friese Poort en it Groenhorst College jouwe les op yn it middelber beropsûnderwiis.
De Nij Jeruzalimtsjerke is it tsjerkegebou fan 'e pleatslike gemeente fan 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PKN).
Oant 2000 wie der ek in stêdebân mei Mizumaki yn Japan, dêr stiet ek in replika fan de Poldertoer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|