Everhardus Johannes Potgieter (Swol, 27 juny 1808 - Amsterdam, 3 febrewaris 1875) wie in Nederlânsk skriuwer. Yn 1837 wie hy de oprjochter fan it progressyf-liberale wykblêd De Gids.
Syn lêste libbensfase bestege Potgieter oan de poëzij, en oan in biografy oer Bakhuizen van den Brink (útjûn yn 1870).
Potgieter leit begroeven op de Nieuwe Oosterbegraafplaats yn Amsterdam.
Potgieters wurk is oer it generaal kritysk en is mankelyk fan stimming. Syn tinkwize wurdt faaks it bêste typearre troch syn bewûndering fan de Nederlânske maatskippij yn de Goudene Iuw en syn striid tsjin de lammenadige 19e-iuwske folksgeast. Hy yntrodusearre Jan Salie - in personifikaasje fan de 19e-iuwske sleauwens. Syn favoryt ûnder de Nederlânske klassike skriuwers wie P.C. Hooft, dy't er wat styl oanbelanget faak neidien hat.