Filmfestival fan New Orleans New Orleans Film Festival | ||
plak en tiid | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Louisiana | |
parish | Orleans Parish | |
plak | New Orleans | |
tiid fan it jier | mids oktober | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | NOFF | |
soarte evenemint | filmfestival | |
bestean | 1989 – no | |
org. troch | New Orleans Film Society | |
offisjele webside | ||
www.neworleansfilmfestival.org |
It Filmfestival fan New Orleans (Ingelsk: New Orleans Film Festival), soms ôfkoarte ta NOFF, is in filmfestival dat elts jier mids oktober holden wurdt yn 'e stêd New Orleans, yn 'e Amerikaanske steat Louisiana. It evenemint wurdt wol "Cannes oan 'e Mississippy" neamd, ferwizend nei it toanoanjaande Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, yn súdlik Frankryk.
It Filmfestival fan New Orleans waard foar it earst holden yn 1989. De organisaasje is yn 'e hannen fan 'e New Orleans Film Society, in filmgenoatskip dat datselde jiers oprjochte waard. Sûnt wurdt it evenemint elts jier holden om 'e midden fan 'e moanne oktober hinne. Yn syn skiednis is it Filmfestival fan New Orleans mar ien kear net trochgien; dat wie yn 2005, doe't New Orleans troffen en fierhinne ûnder wetter set wie troch de orkaan Katrina. Fierders is it altyd holden, sels yn 2020, yn 'e midden fan 'e koroanafiruspandemy, doe't it fierhinne in digitaal barren wie. Tsjin 2018 wie it Filmfestival fan New Orleans útgroeid ta in ynternasjonaal respektearre evenemint mei fertoanings fan likernôch 240 films, dêr't elts jier mear as 400 filmmakkers op ôf kamen en in publyk fan 20.000 oant 25.000 minsken.
Der is ek in senarioskriuwerswedstryd op it Filmfestival fan New Orleans, dy't bestiet út trije kategoryen: koarte film, episoadyske film en lange film. Winners út alle trije kategoryen en de bêste dielnimmers út Louisiana út alle trije kategoryen ûntfange in jildpriis.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |