Foeke Kuipers (It Mar tusken De Knipe en It Hearrenfean, 30 augustus 1871 - Huizen, 17 desimber 1954) wie in Fryske arsjitekt.
Kuipers wie de soan fan in Fryske timmerman-oannimmer dy't him oan de ein fan de jierren 1870 yn Amsterdam festige. Kuipers krige de boukundige oplieding by Prof. J.F. Klinkhamer en H.P. Berlage oan de Quellinusskoalle in dy stêd. Hy helle dêr ek de sulveren medalje, de heechste ûnderschieding fan de skoalle. Syn âldere bruorren Tjeerd Kuipers en Roelof Kuipers wienen ek arsjitekt. Foeke syn oeuvre bestiet foar it meastepart út filla's dy't benammen útfierd binne yn cottagestyl.