François Haverschmidt | ||
skriuwer | ||
Litografysk portret fan de dichter yn de earste printinge fan Snikken en Grimlachjes (1867) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Piet Paaltjens | |
echte namme | François Haverschmidt | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 14 febrewaris 1835 | |
berteplak | Ljouwert | |
stoarn | 19 jannewaris 1894 | |
stjerplak | Skiedaam | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | Poëzy, koart ferhaal | |
perioade | Romantyk | |
bekendste wurk(en) |
Snikken en Grimlachjes | |
jierren aktyf | 1863 - ? |
François Haverschmidt (Ljouwert, 14 febrewaris 1835 – Skiedaam, 19 jannewaris 1894) wie in dichter en dûmny. As dichter wie er ferneamd ûnder de namme Piet Paaltjens.
François Haverschmidt waard 1835 berne op de Foarstreek yn Ljouwert as tredde soan en sechde fan sân bern fan de apteker/wynhanneler Nicolaas Theodorus Haverschmidt en Geeske Bekius. Hy hie op dat stuit lykwols mar ien broer; syn âlden hienen in eardere soan François, berne 24 maaie 1829, tweintich dagen nei de berte ferlern.
De famyljenamme wie troch François syn pake, Johannes Harmanus, gearstald út de nammen Haver en Schmidt, wat mûglik de reden wie dat François dy letter sels skreau as HaverSchmidt. De namme waard lykwols troch de boargerlike stân mei lytse 's' skreaun.
François syn mem Geeske kaam út it dûmnysslachte Bekius. De lytse François wie faak yn Damwâld te finen, dêr't syn pake François Bekius, nei wa't er neamd wie, dûmny wie. François besleat om de leasten fan syn pake te folgjen. Nei de Latynske skoalle kaam der by Haverschmidt, wat no depressiviteit hjit, nei foarren. In jier letter waard er ynskreaun oan de teologyske fakulteit yn Leien. Yn Leyen waard de 'moderne lear' dosearre. Foar de gefoelige studint Haverschmidt hie dat gefolgen. Hy wie rjochtsinnich grut brocht. Hy smiet dy gefoelens fan him ôf troch him yn it studintelibben te jaan. Dêr hat syn twadde persoanlikheid, Piet Paaltjens, stâl krigen.
Nei syn ôfstudearjen besleat Haverschmidt om dochs mar dûmny te wurden. Hy koe net maklik in plak krije, oant Foudgum frij kaam. Yn 1859 die er dêr syn yntree. Syn traktemint wie 700 gûne sadat er net oan trouwen hoegde te tinken.
De ferhâlding mei de nije gemeente wie net bêst. Haverschmidt liet blike dat er frijsinnich wie en de gemeente wie otterdoks. Boppedat koe er him net ynlibje yn de opfettings fan syn gemeente. Hy hat wol besocht om brêgen te slaan, mar dat is him net slagge.
Haverschmidt libbe wer op as er yn in lyksinnige gemeente preekje mocht of as er frege waard foar nutslêzings. Hoewol't er ôfskie nommen hie fan Piet Paaltjens, hat er in swiere tiid trochmakke yn de Foudgumer pastorije. Syn ûnwissens en beslútleazens hawwe dêr ek in grutte rol by spile.
Yn 1862 krige er in berop nei De Helder. Hy hat it oannommen en yn Foudgum is er noch ferloofd. Op 6 augustus 1863 is er yn Utert boaske mei Jacoba Osti.
Yn 1894 hat ds. Haverschmidt, dy't yntusken in berop nei Skiedam krigen hie, dêr yn in swiere depresje in ein oan syn libben makke.
It meastpart fan it wurk fan Haverschmidt ferskynde oarspronklik yn blêden of bleau yn hânskriften, allinnich brûkt yn foardrachten. Dy list hat de boeken, dêr't yn de rin fan tiid in part fan de teksten yn ferskynden, wêrfan't mar in lyts part yn syn libbensdagen:
Haverschmidt wurdt ek sjoen as ien fan de mûglike skriuwers fan it Oera Linda Boek, in mystifikaasje oer in grutte Fryske beskaving dy't fergien is.