Fûstbile

Fûstbile


In fûstbile wie in wichtich stik ark út it paleolitikum, de âlde stientiid. Foar de prehistoaryske minsk wie de fûstbile ûnmisber. De bile waard destiids op deselde wize brûkt as tsjintwurdich in 'bûsmes'. Se koenen der tûken mei ôfsnije, lytse beammen omhakje, bisten slachtsje en fille, en hûden waarden der mei skjinskrabe. Trochdat it ark maklik wer oanskerpe wurde koe, gong de fûstbile lange tiid mei.

Fûstbilen waarden fral út fjoerstien hakke en hienen in ôfplatte foarm mei meastentiids in skerpe râne rûnom dy't altyd oan twa siden bewurke wie. De top is spits, de oare útein rûn.

Yn 1939 fûn de Fryske oannimmer en amateur-archeolooch Hein van der Vliet út Lippenhuzen in fûstbile by it hjoeddeiske Wynjewâld. Dy fynst wie fan grut histoarysk belang, omdat dêrmei foar it earst oantoand wurde koe dat it noarden fan Nederlân en Fryslân yn it bysûnder al foar de lêste iistiid bewenne wie. It soe noch jierren duorje foardat de fynst fan dizze fûstbile troch de wittenskip folslein erkend waard.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]