Garyp

Garyp
Petrustsjerke
Petrustsjerke
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Tytsjerksteradiel
Sifers
Ynwennertal 1.905 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 18,18 km², wêrfan:
- lân: 16,84 km²
- wetter: 1,33 km²
Befolkingsticht. 112 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 9' N 5° 58' E
Doarpsgebiet Garyp (grien) yn 'e gemeente Tytsjerksteradiel
Doarpsgebiet Garyp (grien) yn 'e gemeente Tytsjerksteradiel
Offisjele webside
Side fan Garyp
Kaart
Garyp (Fryslân)
Garyp

Garyp is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel, súdwest fan Burgum.

Garyp hat 1.905 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

De namme komt fan ga - ryp. Ga = gea (lânskip) en ryp is in sânrich of stripe. Garyp is ûntstien op in sânkop as in eilân tusken de legere feangrûnen. It tefolle oan wetter rûn it meast rjochting Wide Ie, dy't útwettere yn de Middelsee en streamd hawwe moat tusken Goutum en Barrahûs (Werpsterhoek), fia it “Skalkedjip” en de "Ald Feart", ek wol "Alde Jokse" neamd (dy’t al iuwen drûch leit troch in oerstreaming yn 1600) rjochting Warten.

Sicht op Garyp, lofts de eardere 19e iuwske skoalle

Sigerswâld is no in buorskip fan Garyp, mar dat wie earder in doarp mei in eigen tsjerke. By Sigerswâld stie it frouljuskleaster Sinaï mei in pleats en in spinhûs. Mei't de reformaasje yn 1580 ynfierd waard en it roomsk-katolisisme ferbean waard moasten ek de kleaster opjûn wurde. De kleasters waarden sletten om 't dy brûkt wurde koene troch de Spanjerts yn de Tachtichjierrige Oarloch. Sa moasten ek de "Wite Susters' harren kleaster ferlitte, dat troch oerheid yn 1581 yn 'e brân stutsen waard.

Garyp stie letter bekend as it doarp mei de fjirtjin stinzen, letter wurde der noch alve neamd: Albada, Douma, Galama, Kinnema, Sixma, Voocklama, Wiarda, Amama, Skroetsma, Galgahiem en Solcama. Schotanus neamt yn 1622 noch trije: Solcamastate, Scroetsmastins en Galkehiem. Yn de 18e en de 19e iuw binne de measten ferdwûn troch útstjerren, ferhuzing (bygelyks mei steedhâlder Willem IV nei De Haach), jildgebrek en de ôfskaffing fan it Erfrjocht yn 1811. Dertroch fersnipperen de eigendommen en rekken de stinzen yn ferfal.

Nei dat de trochgeande dyk troch de buorren al ferhurde wie, waarden der mear wegens oanlein. De Brandsmaloane nei Sumarreheide, De Loane nei de Iniaheide, mei in betonbrêge oer de Susterfeart, oanslutend op 'e strjitwei nei Aldegea. Fan de Mûnehoek ôf waard de wei ferhurde nei Sigerswâld. Ek kaam der in wei nei Earnewâld, dy 't foar de ynpoldering fan 1920 noch net altyd betrouber wie.

It KY-stasjon en it molkfabryk binne ferdwûn, krekt as de húshâldskoalle. It hat ek in iepenloftswimbad.

Doarpswapen en flagge

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp leit oan de râne fan De Wâlden en wetter. It grien yn de flagge is symboal foar de bosk, de reade baan foar it doarp sels, mei oan de rânen sulveren banen as symboalen foar it wetter.

By de tsjerke fan Garyp leit in swerfstien út de iistiid, grif de ferhevenheid dêr't ea de doarpsrjochter op siet. De gouden ruten yn it wapen binne symboalen fan it rjocht. De Fryske famyljes Walta en Aggema fieren om deselde reden dizze ruten. It krús ûnderoan docht tinken oan it Kleaster Sinaï dat yn it buorskip Sigerswâld by Garyp stie.

Binnenrust, Easterein 19

It Geahûs is de namme fan it mienskipssintrum. Garyp hat in feriening foar Doarpsbelang, doarpskrante hjit De Rabbelskûte.

De ynwenners fan Garyp wurde sânmigers en ek wol klitsefretters neamd. Dy skelnammen wurde benammen brûkt as koartswilige beneaming foar Garipers dy't de hiele dei net folle dogge.

  • It doarp hat noch in tradisjonele roukoets. By in begraffenis moat der út de grifformearde tsjerke wei in hiel ein rûn wurde nei it hôf. Dat bart rinnendewei mei in Frysk Hynder foar de koets mei in swart kleed en fjouwer dragers en de útfeartboade.
  • Sinteklaas wurdt yn Garyp op in spesjale manier fierd: op de dei dat hy oankomt geane bern jûns by de doarren del ferklaaid as Swarte Pyt of Sinteklaas.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2009 2021
Ynwenners 1946 1888 1852 1820 1807 1875 1922 1.894

Bekende Garypsters

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle strjitten yn Garyp.

De trijesprong Greate Buorren - Easterein - Brandsmaloane hiet eartiids Koutenburch. Dat moat in iepen plak west hawwe, dêr't sigeuners en oar folk mei har wenweinen soms wiken tahâlden.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Side Garyp

Tytsjerksteradiel
Doarpen en útbuorrens:
AldtsjerkBurgumEarnewâldEastermarFeanwâldsterwâl (foar in part)GarypGytsjerkHurdegarypJistrumMûneinNoardburgumOentsjerkRyptsjerkSumarSuwâldTytsjerkWyns
Buorskippen:
Bartlehiem (foar in part)De JoereGytsjerksterhoekeIt HeechsânIniaheideKûkherne (foar in part)Lytse GeastNoardermarQuatrebrasSigerswâldSkûlenboarchSumarreheideTergrêftIt WytfeanSânhuzenSwarteweisein
· · Berjocht bewurkje