Günter Ortmann | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Günter Ortmann | |
nasjonaliteit | Dútsk | |
bertedatum | 30 novimber 1916 | |
berteplak | Lauban | |
stjerdatum | 10 jannewaris 2002 | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hânbal | |
O.S. | Berlyn 1936 | |
wichtige prestaasjes | ||
goud 1x Olympyske Spullen 1936 goud 1x WK 1938 |
Günter Ortmann (Lauban, 30 novimber 1916 - 10 jannewaris 2002) wie in Dútsk hânballer.
Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerspullen en yn 1938 oan it Wrâldkampioenskip. Hy waard yn 1938 wrâldkampioen en yn Berlyn Olympysk kampioen mei it Dútske tiim.
Ortmann ferhuze yn 1948 nei de regio Nederryn, dêr't er spile foar TuRa Bergheim en TuS Rheinhausen. Yn de jierren dêrnei wurke er as plysjeman, en wie fan 1963 oant 1965 foarsitter fan de plysjesportklup yn Duisburg. Hy wie ek aktyf by in ryd- en menclub yn Rumeln-Kaldenhausen, en skreau oer hynstesport as freelance meiwurker foar deiblêden.
Günter Ortmann ferstoar op 10 jannewaris 2002, yn 'e âldens fan 85 jier, oan'e gefolgen fan in oerhaal.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|