Húns

Húns
Doarpssicht
Doarpssicht
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Ljouwert
Sifers
Ynwennertal 105 (2022) [1]
Oerflak 3,18 km²
werfan lân: 3,17 km²
werfan wetter 0,01 km²
Befolkingsticht. 33 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 9' N 5° 40' E
Offisjele webside
Side Húns-Leons
Kaart
Húns (Fryslân)
Húns

Húns is in doarp yn de gemeente Ljouwert. It doarp krige yn de rin fan de tiid net in soad nijbou. Yn it midden fan it doarp leit it keatsfjild.

It doarp waard foar it earst yn 1275 beskreaun as 'Honnyghadyc'. Dêrnei komme farianten lykas Hynnynghe (1473), Hynghe (1473), Huns (1505) en Hoens (1529) foar. Yn de 18e iuw is it Huyns en yn de 19e iuw Huyns en Huns. It earste diel fan de namme soe in ferwizing wêze nei de persoansnamme Huno.[2] Mei de ynfiering fan offisjele Fryske plaknammen troch de (eardere) gemeente Littenseradiel waard de plaknamme offisjeel Húns.

Gaueftich nei 1200 waard de tsjerke fan Húns boud. Oant fier yn de 18e iuw bleau Húns in isolearre doarp. De iennige ferbinings fan it doarp wiene de opfeart nei de Boalserter Trekfeart en it paad dat it doarp ferbûn mei Hoptille en Hilaard. Mar ek al lei Húns isolearre, om 1750 hinne krige it doarpke dochs in panwurk, dêr't dakpannen bakt waarden. Yn it doarpswapen ferwize de reade dakpannen nei dat fabrykje. Yn de grûn fan Húns tilt it ek no noch op fan de skerven van dakpannen.

Yn de twadde helte fan de 19e iuw waard de terp foar it measte ôfgroeven, sadat de tsjerke tsjintwurdich op it ôfstutsen restant fan de terp stiet. Op it plak fan de eardere terp leit it keatsfjild. Yn 2004 binne by de terp in tritich gouden munten fûn. Dy moatte yn de 16e iuw yn de grûn stoppe wêze.[3]

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Húns diel út fan de gemeente Baarderadiel. Nei't it doarp sûnt 1984 ûnderdiel foarme fan de doe nije gemeente Littenseradiel, kaam it yn 2018 by in folgjende weryndieling by de gemeente Ljouwert.

De Húnzer Murd

De ynwenners dogge in soad tegearre mei it tichtby lizzende Leons. Der is in feriening Doarpsbelang Húns-Leons. It doarpshûs hjit de Murdhûn, ferneamd nei de bynamme fan de Húnzers.

Nikolaastsjerke

De protestantske gemeente Hilaard-Húns-Leons makket út en troch gebrûk fan de Nikolaastsjerke.

  • Soas Húns-Leons
  • De Takomst - toaniel
  • Keatsferiening
Alde skoalle

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1954 1959 1964 1969 1974 1999 2004 2022
Ynwenners 151 154 152 144 129 101 104 105

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Húnzermûne
De Wikipedy hat ek in side Nikolaastsjerke (Húns).
De Wikipedy hat ek in side Húnzermûne.

Der ride bussen nei Ljouwert en nei Boalsert.

  • Húns en Leons yn fûgelflecht, dit boekje waard útjûn by it 100-jierrich bestean fan de keatsferiening.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers
  2. Friese Plaatsnamen, Karel F. Gildemachter, ISBN 978 90 330 0643 2, side 114
  3. Omrop Fryslân, 24 juny 2004

Ljouwert
Stêd:
Ljouwert
Doarpen en útbuorrens:
Alde LeieBaardBearsBritsumEagumEasterlittensFeinsumFriensGoutumGrouIdaerdHijumHilaardHimpensHúnsJellumJelsumJirnsumJorwertKoarnjumLekkumLeonsMantgumMiedumReduzumSnakkerbuorrenStiensSwichumTearnsWarstiensWartenWeidumWergeaWytgaardWurdum
Buorskippen:
AbbenwierAldskou (foar in part)AngwierBaarderbuorrenBartlehiem (foar in part)Buerstermûne (foar in part)DomwierFinsterbuorrenFjouwerhûsFûnsGoattumHesensDe HimHoekIt HoflânHoptilleMarwertMidsbuorrenNaarderbuorrenNoardeinPoelhuzenRewert (foar in part)SkillaerdSkrinsSuderbuorrenSuoreinIt TichelwurkDe Trije RomersTruerdTsienserbuorrenTsjaardTsjeintgumWammertWesterbuorrenWielstersylWieuwens
· · Berjocht bewurkje