De krityk fan de Tachtigers hat der yn in pear jier ta laat dat Tollens syn ferneamdens yn mar in pear jier kwytrekke. Syn wurk waard net mear printe en yn skoalboeken waard er trochsnee alinne neagatyf besprutsen.
Earst ein 20e iuw naam it omtinken foar Tollens wer wat ta. Men seach yn dat syn wurk wol kultuerhistoarysk belang hat, it wie essensjeel foar in goed byld fan it 19e-iuwske Nederlân. Dêrneffens skriuwe ensyklopedyen en skoalboeken tsjintwurdich minder polemysk oer syn wurk as earder it gefal wie.